Noarderhaven 29 (Harns)

De grêftenwenning oan de Noarderhaven 29 is in monumintaal pân yn Harns.

De wenning oan de Noorderhaven 29 anno 2011

De listgevel fan it gebou oan de Noarderhaven 29 komt út de perioade om 1770. It pân hat in kroanlist mei metopen, triglyfen sniene rokoko konsoles. De dakkapel boppe de kroanlist hat snijwurk yn Loadewyk XV-styl. Boppe de dakkapel is in seilmakker ôfbylde. It snijwurk is fan de hân fan Johann Georg Hempel. Boppe de tagongsdoar sit in raam mei in snijfinster. Foar de yngong in stoepe mei oan beide siden stoepepeallen. It grêftenpân is erkend as in ryksmonumint.

De wenning stiet yn Harns bekend as it moardpân. Yn 1894 skeat de hjir wenjende dûmny Johan Barger syn kategisante Catherina Helene (Cato) Mirande dea.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rykstsjinst far it Kultureel Erfguod: Noarderhaven 29 Harns
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4