Noardertsjerke (Snits)

De Noardertjerke is in earder tsjerkegebou yn 'e Snitser binnenstêd.

Noardertsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Tsjerkegrêft 10
koördinaten 53°1' N 5°39' E
Tsjerklike gegevens
ôfstjitten 2001
Arsjitektuer
arsjitekt J.P. Hogendijk
boujier 1881
boustyl neogotyk
monumintale status ryksmonumint
Kaart
Noardertsjerke (Binnenstêd)
Noardertsjerke

It tsjerkegebou is yn 1881 boud neffens ûntwerp fan J.P. Hogendijk en is oant 1 july 2001 brûkt as grifformearde tsjerke.

Nei de sluting fan 'e tsjerke waard it gebou in skoftlang as appartemintegebou brûkt. It gebou is yn 2008 yngreven restaurearre, wêrby 't it gebou yn âlde steat werombrocht waard. Sûnttiids is de tsjerke ûnderdiel fan it Kultureel Kertier Snits.

Yn it gebou sit sûnt 2007 in tsjerkeoargel út de yn dat jier sluten Snitser Ichtustsjerke.

Sûnt 2010 brûkt Teater Snits it gebou tydlik oant de bou fan it nije teater klear is.

Yn it ramt fan it ôfstjitten fan 'e Noardertsjerke ferhûze it yn 1964 troch de firma Blank boude oargel nei de Andreastsjerke yn Rotterdam, dêr't it ynstrumint op 8 desimber 2001 yn gebrûk nommen waard.[1]

Tsjintwurdich stiet der wer in oargel yn de eardere tsjerke, dat ôfkomstich is út de Snitser Ichtustsjerke en yn 1968 troch de firma Bakker & Timmenga boud is.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: