Noardmunstertsjerke

De Noardmunstertsjerke (Noordmonsterkerk) of Sint-Pitertsjerke (Sint-Pieterskerk) wie in tsjerkegebou oan de noardlike kant fan it Hofplein yn de binnenstêd fan Middelburch yn de provinsje Seelân.

Noardmunstertsjerke

Noordmonsterkerk

bouwurk
De Noardmunstertsjerke
De Noardmunstertsjerke
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Zeeland.svg Seelân
plak Middelburg vlag.svg Middelburch
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier ± 1390
sloopjier 1834
boustyl Gotyk

De oan de apostel Petrus tsjerke waard boud doe't in twadde parochie yn Middelburch needsaaklik waard en der in ôfsplitsing plak fûn fan de Westmunstertsjerke. Yn de 14e iuw waard de grutte goatyske tsjerke boud, dy't oant yn de 19e iuw bleau stean.

De Sint-Piterkatedraal

Flak foar de reformaasje waard der it bisdom Middelburch stifte dat fan 1559 oant 1575 bestie. De Noardmunstertsjerke tsjinne yn dat koarte skoftke tiid as katedraal fan it bisdom. De earste en lêste biskop fan it bisdom, Nikolaas de Castro (echte namme nei alle gedachten Nicolaas van der Burg(t) of Verborgh) ferstoar yn de tiid doe't Middelburch belegere waard troch de Wettergeuzen. Nei de alteraasje waard de Noardmunster de wichtichste protestantske tsjerke fan de stêd.

Op 30 july 1809 lâne in grutte Ingelsk leger op Walcheren en al gau brieken gefjochten út mei de Frânske besetters. In pear dagen letter stiene de Ingelsen foar de poarten fan Middelburch. Nei't de Ingelsen de stêd ynloeken, waard de Noardmunstertsjerke troch de soldaten yn gebrûk nommen as kazerne.

De tsjerke waard yn de Frânske tiid sa útsloerd, dat it brekfallige gebou yn 1834 sloopt wurde moast. Op it plak fan de tsjerke steane hjoeddedei wenhûzen en de op 2 juny 2019 foar de earetsjinst sletten Hofpleintsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.