Westmunstertsjerke
De Westmunstertsjerke (Westmonsterkerk) of Sint-Martenstsjerke (Sint Maartenskerk) wie de âldste parochytsjerke fan Middelburch yn provinsje Seelân.
Westmunstertsjerke
Westmonsterkerk | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Plattegrûn fan de eardere tsjerke | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Grote Markt | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | ± 1390 | |
sloopjier | 16e iuw | |
boustyl | Gotyk |
StiftingBewurkje
De tsjerke waard om 1000 hinne boud as earste tsjerke op Walcheren. Healwei de 11e iuw waard it parochygebiet fan de tsjerke opdield en ûnstiene der op Walcheren mear parochy's. Tsjin it ein fan de 11e iuw waard de stifting fan in twadde tsjerke yn Middelburch needsaaklik. Sa ûntstie út de Westmunsterparochy de twadde parochy fan Middelburch mei de Noardmunstertsjerke of de Sint-Piter as parochytsjerke. De lêste parochy dy't yn it midsiuwske Middelburch fan de Westmunster ôfsplitst waard wie flak foar 1270 de kleasterparochy. De parochianen dêrfan tsjerkten yn de Nije Tsjerke, de tsjerke fan de yn 1123 stifte abdij dy't ek de Eastmunster- of Sint-Nikolaastsjerke neamd waard.
Goatyske tsjerkeBewurkje
De romaanske Westmunstertsjerke waard nei alle gedachten yn 1390 ferfongen troch in foarse goatyske tsjerke mei in toer op de krusing. It tsjerkegebou rekke yn 1557 by min waar slim skeind, doe't de toer op it skip foel. Dat wie ek de reden dat net de Westmunstertsjerke, mar de Noardmunstertsjerke de katedraal waard fan it yn 1559 stifte bisdom Middelburch.
De Westmunstertsjerke foarme it sintrum fan de stêd, dêr't de merke holden waard, mar yn de jierren 1566-1567 krige de reformaasje yn Middelburch foet op 'e grûn. Op 22 augustus 1566 fûn de byldestoarm plak. Mei't de stêd de grifformearde lear oannaam waarden de premonstratinzerske abdijtsjerke en de Westmunstertsjerke oerstallich. Yn 1575 naam de ried fan Middelburch it beslút om de Westmunstsjerke ôf te brekken. Op it lege plak waard dêrnei de Grote Markt oanlein.
OpgravingsBewurkje
Yn 1943 en 1998 fûn op it eardere plak fan de tsjerke argeologysk ûndersyk plak. De opgravings leine in trijeskippige goatyske tsjerke bleat mei in transept, in lang koer, in omgong mei kâns fan kapellen en in grut tal alters. By de opgravings fan 1998 waarden de gegevens dy't 1943 opleveren befêstige en oanfolle. Njonken fûneminten fan it noardlike transept waarden no ek de fûneminten fan de noardlike sakristy oantroffen. Fan it sudlike transept waard allinne inkelde resten werom fûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |