Noravank (Armeensk: Նորավանք, it "Nije Kleaster") is in Armeensk kleaster út de 13e iuw en wie oant de 19e iuw it plak dêr't de foarsten fan 'e Orbeljan-dynasty begroeven waarden.

Noravank
Նորավանք
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Vajots Dzor
plak by Jeghegnadzor
koördinaten 39°41'N 45°13'E
Ynformaasje bou
arsjitekt de muonts Momik
boujier 13e iuw
Kaart
Noravank (Armeenje)
Noravank

It kleaster heart ta de wichtichste toeristyske attraksjes fan Armeenje en stiet sûn 1996 op 'e nominaasje om ynskreaun te wurden yn it wrâlderfgoed fan UNESCO. Noravank leit tichteby de stêd Jeghegnadzor yn 'e provinsje Vajots Dzor yn in spektakulêr lânskip tusken reade en grize kalkrotsen.

De kleastergebouwen stamme út de 13e iuw en binne opmerklik orizjineel yn it ûntwerp, dat taskreaun wurdt oan 'e muonts en arsjitekt Momik.

Noravank waard yn 1205 boud yn opdracht fan biskop Hovhannes, in eardere abt fan Vahanavank by de hjoeddeiske stêd Kapan yn Sjûnik. Dat barde nei't in ierdskodding it âlde, 9e of 10e iuwske, kompleks ferneatige hie. Binnen en bûten de kleastermuorren lizze ruïnes fan ferskate oare gebouwen.

 
De Soerp Astvatsatsin oan it begjin fan 'e 20e iuw foar de restauraasje.

It hjoeddeiske kleasterkompleks bestiet út in 13e iuwske Dopertsjerke of Sint-Karapettsjerke (Soerb Karapet), de Sint-Grigoriuskapel (Soerb Grigor) mei in oerwulve hal en in Mem-Godstsjerke (Soerb Astvatsatsin), de mausoleumtsjerke dy't yn 'e jierren 1331–1339 boud waard. Noravank wie it plak dêr't de leden fan 'e Orbeljan-dynasty oant yn 'e 19e iuw harren lêste rêstplak fûnen.

Noravank wie ea de sit fan 'e biskoppen fan Sjûnik en foarme mei it skriptoarium en it atelier fan Momik in wichtich kultureel Armeensk sintrum. De arsjitekt Siranes en de muonts-skilder-byldhouwer Momik wurken hjir yn it lêste diel fan 'e 13e iuw.

De muorren om it kleaster datearje út de 17e oant 18e iuw. Ek de ruïne fan in Alde Dopertsjerke leit noch binnen dy muorren.

Nei ferwoastiging troch ierdskoddings yn 1841 en 1931 waard Noravank yn 'e jierren 1948-1949 en 1982-1999 renovearre.

Tsjerken fan Noravank

bewurkje seksje

Soerb Astvatsatsin

bewurkje seksje
 
Soerb Astvatsatsin (Mem Gods-tsjerke).

It grutste bouwurk is de twa ferdjippings tellende Soerb Astvatsatsin ("Hillige Mem Gods"); ek wol Burtelashen ("bouwurk fan Burtel") neamd ta eare fan prins Burtel Orbeljan, dy't de bou fan de tsjerke betelle en dêr begroeven waard. De tsjerke leit súdeastlik fan de Soerb Karapet (Sint-Karapettsjerke). Soerb Astvatsatsin waard yn 1339 foltôge en is in masterwurk fan 'e tige betûfte byldhouwer en miniatuerenskilder Momik. Momik levere it ûntwerp en it wie ek syn lêste wurk want hy stoar noch foar de foltôging. Oant noch net sa lang lyn hie de tsjerke in skylddak, mar yn 1997 waard de oanspronklike yn 1840 ferneatige trommel mei de koanyske koepel yn 'e foarm fan besteande fragminten wer opboud. In smelle trep oan 'e westlike gevel liedt nei de tagong fan 'e tsjerke. Boppe de yngong is in reliëf te sjen fan Kristus mei oan wjerskanten Petrus en Paulus.

 
Soerb Karapet (Dopertsjerke).

Soerb Karapet

bewurkje seksje

De haadtsjerke Soerb Karapet wurdt ek wol Soerb Stephanos neamd. De bou wurdt datearre op 1216 oant 1223 of 1221 oant 1227. De tsjerke is krúsfoarmich mei fjouwer hoekkapellen en hie earder in achthoekige koepel, mar krige by de restauraasje yn 'e jierren 1990 in rûne trommel mei in koanysk dak.

Soerb Grigor

bewurkje seksje

De sydkapel Soerb Grigor of Smbat Orbelian Kapel (om't dêr it grêf fan Smbat is ûnderbrocht) waard troch de arsjitekt Siranes yn 1275 noardlik fan 'e Soerb Karapet oanboud ûnder it bewâld fan Smbats broer Tarssayitj Orbeljan. It is in ienskippich gebou mei in tonferwulft. Op in ferheging stiet in healrûn alter. Yn 'e tsjerke binne noch resten fan fresko's, dy't lykwols min te ûnderskieden binne. De Soerb Grigor hat meardere grêven fan familyleden fan Smbat Orbeljan. De tagong is mei in rûnbôgich timpaan en pylders fersierd en de alterapsis is oan wjerskanten dekorearre mei chatsjkar's (krússtiennen) en foarstellings fan dowen yn reliëf.

De rjochthoekige gavit (in soarte fan narteks) waard nei alle gedachten fuort nei de bou fan Soerb Karapet boud. Yn 1261 waard de gavit lykwols ûnder foarst Smbat Orbeljan ferboud. Mooglik waard it dak yn 1321 troch in ierdskodding ferneatige en dêrnei ferfongen troch it tsjintwurdige swiere kleasterferwulft. Yn it gebou binne moaie dekoraasjes en in soad grêfstiennen te sjen. It timpaan waard fanwegen de oerienkomsten yn styl mei de tsjerke fan it doarp Areni taskreaun oan Momik.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Armeniapedia, oproppen 07.07.2019