Nutbush (Tennessee)
Nutbush is in delsetting, gemeentefrije krite (unincorporated area), yn Haywood County, yn it westen fan de steat Tennessee yn de Feriene Steaten fan Amearika.
Nutbush | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Tennessee | |
County | Haywood | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 259 (2000) | |
Hichte | 109 m | |
Oar | ||
Stifting | 1822 | |
Tiidsône | CST (UTC-6) | |
Simmertiid | CDT (UTC-5) |
Nutbush is iere 19e iuw stifte troch wite lânferhuzers út Firginia en Noard Karolina. Oarspronklik kamen dy fan Ingelân. Sy ferfearen nei it westen om dêr middels buorkjen mei slavearbeid har ekonomyske posysje te ferbetterjen. Sy stiften dêr ek de Trinity United Methodist Church. Frije slaven stiften yn 1866 de Woodlawn Baptist Church[1].
Op it begraafplak Trinity lizze goed 50 soldaten dy't sneuvele binne yn de Amerikaanske Boargerkriich.
Lânbou is de grutste boarne fan ynkomsten yn de regio. Sawol yn it ferline as no noch leit de lânbou him fral ta op de bou en ferwurking fan katoen. Nutbush hat in katoenferwurkjende fabryk (yn 2006).
Tina Turner
bewurkje seksjeNutbush is it meast ferneamd as it plak dêr't sjongster Tina Turner oant har 16e wenne. Sy hat oer it plak song yn it nûmer "Nutbush City Limits" út 1973. Yn 2002 waard in part fan Tennessee State Route 19 ûnder Nutbush "Tina Turner Highway" neamd.
Yn de 40-er jierren siet Tina Turner op de Flagg Grove School, in skoalle sudlik fan Nutbush, no in part fan Brownsville. De skoalle waard ein 19e iuw stifte en is no it Tina Turner Museum.
Nutbush (en omkriten) hat mear ferneamde wite en swarte muzikanten fuortbrocht, sa as Hambone Willie Newbern en Sleepy John Estes.[2]
-
Winkel yn Nutbush
-
Boerd oan de winkel fergrutte
-
Katoenfabryk
-
De Woolawn baptistetsjerke
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Fotodokumintaasje it Nutbush fan no, Tennessee.
- (in) The Goodspeed History Haywood County, Tennessee, 1887
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|