ISG Singelland

(Trochferwiisd fan OSG Singelland)

ISG Singelland is een iepenbiere skoallemienskip, oprjochte yn 1996, mei sa’n 2800 learlingen en likernôch 380 meiwurkers, ferparte oer seis lokaasjes yn Fryslân. Fjouwer dêrfan binne yn Drachten, it Drachtster Lyceum, Van Haersmasingel, De Venen en de ISK. Fierder binne der de lokaasjes Burgum en Surhústerfean.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


It Drachtster Lyceum

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Drachtster Lyceum.

Van Haersmasingel

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Van Haersmasingel (skoalle).

De ISK Drachten is in skoalle foar bern mei in oare taaleftergrûn. De learlingen binne tusken de 12 en 18 jier en komme út alle parten fan de wrâld. Yn in perioade fan 1,5 oant 3 jier leare sy it Nederlânsk op sa'n nivo, dat sy 'skeakele'wurde kinne nei it gewoane fuortset ûnderwiis. Dizze lokaasje hat goed 80 learlingen en der is in team fan 35 minsken warber mei. De ISK Drachten is in gearwurkingsferbân tusken Singelland, CSG Liudger en it Stellingwerf Kolleezje.

De Venen is in skoalle foar praktykûnderwis, ornearre foar learlingen fan 12 oant 18 jier. It doel fan dit ûnderwiis is om de learlingen sa goed at it kin ta te rieden op de arbeidsmerk, in ferfolchoplieding of de maatskippij. Dit bart troch û.o. troch stagerinne. De skoalle telt sa'n 225 learlingen en it team bestiet út likernôch 40 persoanen. Yn 2009 hat De Venen in nije skoalle yn gebrûk naam.

Keppeling om utens

bewurkje seksje