Drachtster Lyseum

(Trochferwiisd fan Drachtster Lyceum)

It Drachtster Lyseum yn Drachten is yn 1919 oprjochte as Ryks Hegere Boargerskoalle en hat dêrom jierrenlang bekend stien as “de HBS” . It skoalgebou oan de Torenstraat waard yn 1920 iepene en wie jierrenlang fierwei it grutste gebou fan Drachten, dat doe noch mar in doarp fan 6000 ynwenners wie.

Drachtster Lyseum

Yn 1947 krijt de skoalle der in gymnasiumôfdieling by en hjit dan Drachtster Lyceum, mei in rektor ynstee fan in direkteur. Doe 't yn 1963 de Mammoetwet oannommen waard, waard de opset wer oars: der kamen ôfdielingen foar Hafû en Twû ( splitst yn Ateneum en Gymnasium )

Doe't Drachten yn de jierren ’50 en ’60 hurd groeide, benammen troch de komst fan de Philips-fabriken, groeide it Lyceum likehurd mei. Dat levere úteinlik in frijwat grut kompleks op (fanâlds mei in sportfjild dernjonken) dat jierrenlang goed funksjonearre hat mar oan 'e ein fan de 20e iuw dochs oan in face-lift ta wie.

Yn 2002 waard yn goed oerlis tusken de gemeente Smellingerlân en de OSG Singelland (wêr't it lyseum sûnt 1996 diel fan is) besletten dat efter it âlde gebou (dat fan binnen renovearre wurde sil ) alles sloopt wurde soe en ferfongen troch moderne, kompakte nijbou. Dy waard nei twa jier arbeid yn augustus 2007 oplevere. Op 1 febrewaris 2008 naam frou G.J. van de Stouwe it rektoraat oer fan J.J. Hallers, dy't sûnt 1986 de skoalle laat hie. Yn 2013 waard de skoalle útwreide mei in mediateek mei wurkromte foar de learlingen anneks.

Bekende âld-learlingen

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • [1] webstee fan de skoalle