Oarder fan de Keningskroan
De Oarder fan de Keningskroan is in legindaryske oarder. De oarder soe troch Karel de Grutte yn 802 ynsteld wêze om de Friezen dy't oan syn side tsjin de Saksen fochten leanje te kinnen. Krekt as de legende fan de Fryske frijheid dy't deselde Karel de Friezen ferliend hawwe soe is der foar it bestean gjin befêstiging te finen. De earste ridderoarders ûntstienen by de krústochten, 300 jier nei de dea fan de grutte keizer.
Palliot beskreau de oarder yn de 17e iuw en hy skreau dat de ridders in borduerde gouden kroan op harren magestreek ("l'estomac") droegen. It Latynske biedwurd soe "Coronabitur legitime certans" ofwol "Hy draacht de kroan omdat hy goed fjochtsje kin" west hawwe.
Literatuer
bewurkje seksje- Palliot, La Vraye et Parfaite Science des Armoiries, 1660