Oberndorf am Neckar
Oberndorf am Neckar is in stêd en gemeente yn 'e lânkring Rottweil yn 'e Dútske dielsteat Baden-Württemberg. De stêd leit oan 'e rivier de Neckar.
Oberndorf am Neckar | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
lânkring | Rottweil | |
Stedsyndieling | 7 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 14.662 (2022) | |
Oerflak | 55,92 km² | |
Befolkingsticht. | 262 ynw./km² | |
Hichte | 506 m | |
Oar | ||
Postkoade | 78727 | |
Koördinaten | 48° 17' N 8° 34' E | |
Offisjele webside | ||
oberndorf.de | ||
Kaart | ||
It plak waard foar it earst yn 782 neamd yn in skinkingsoarkonde fan de Abdij fan Sankt Gallen.
Stedsdielen
bewurkje seksjeDe gemeente is te ferdielen ûnder de Stadtteile Aistaig, Altoberndorf, Beffendorf, Bochingen, Boll, Hochmössingen en Oberndorf am Neckar.
- Altoberndorf
- Aistaig
- Boll
- Bochingen
- Beffendorf
- Hochmössingen
- Oberndorf am Neckar (kearnstêd)
Wapens Stadtteile
bewurkje seksje-
Aistaig
-
Altoberndorf
-
Beffendorf
-
Bochingen
-
Boll
-
Hochmössingen
-
Oberndorf
Ekonomy
bewurkje seksjeYn 'e stêd binne trije wapenfabrikanten fêstige mei in lange skiednis. Yn 1811 festige kening Frederik I fan Württemberg de earste wapenfabryk yn it doetiidske Augustiner kleaster oan 'e rivier. Yn 1871, begûnnen twa wurknimmers, de bruorren Wilhelm en Paul Mauser, foar harsels. Tsjintwurdich hat Rheinmetall der in pear fabriken, dêr't Mauser yn 2004 yn opgien is, mei ûngefear 300 wurknimmers. Heckler & Koch (H&K) hat syn fabriken dêr ek. H&K is in wrâldferneamde hânfjoerwapenfabryk en -eksporteur. Mei in jieromset fan sa'n 200 miljoen euro en sa'n 700 wurknimmers is H&K de wichtichste wapenprodusint fan Dútslân en de grutste wurkjouwer fan 'e stêd. Dan is der noch Feinwerkbau, in lytsere spesjalist yn sportwapens.
Betinkingsmonumint
bewurkje seksjeIt Buch der Erinnerungen (2007) is in monumint fan 'e byldhouwer Jürgen Knubben út de stêd Rottweil, dat de 308 twangarbeiders (wêrûnder ek in stikmannich Nederlanners) betinkt, dy't by de Arbeitseinsatz yn it wapenfabryk fan Mauser yn 'e nazytiid stoarn binne yn it konsintraasjekamp Arbeitserziehungslager Oberndorf-Aistaig. It Mahnmal waard op 27 jannewaris 2007 (Holocaust Gedenktag) ûntbleate yn Oberndorf am Neckar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|