Oerlis:Bram Smallenbroek

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Twifel, Kategory: Frysk Reedrider, en Eastenryksk persoan fan Frysk komôf

Twifel, Kategory: Frysk Reedrider, en Eastenryksk persoan fan Frysk komôf

bewurkje seksje

Immen hat Bram Smallenbroek yn de Kategoryen Frysk Reedrider en Eastenryksk persoan fan Frysk komôf setten, mar ik kin hjir gjin boarnen foar fine, neffens my is Smallenbroek mei syn famylje nei Fryslân ta ferhúze, mar net fan Frysk komôf. FreyaSport (oerlis) 1 feb 2022, 20.50 (CET)Beäntwurdzje

Dit komt om't der twa definysjes fan "Fries" of "Frysk persoan" yn omrin binne: etnyske Fries, en ynwenner fan Fryslân. En ik wit eins net hoe't ik dêr mei de kategoryen ûnderskie tusken meitsje moat. Of oft sok ûnderskie winsklik wêze soe. Smallenbroek groeide op op 'e Lemmer en wennet op It Hearrenfean, lês ik hjir. Dan is er dúdlik in ynwenner fan Fryslân. Etnyske Fries is er wierskynlik net, mar hy soe skoan Fries mei de Friezen wêze kinne, dat wit ik net en dat falt foar sa'n ensyklopedy ek net foar eltse persoan nei te gean. In bân mei Fryslân is der yn elts gefal wol. Dus dêrfandinne dy kategoryen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 feb 2022, 00.40 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Bram Smallenbroek".