Oerlis:Erik of it Lyts Ynsekteboek
Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Drewes
Der sitte twa Flaters yn de Titel 1each. Drewes (oerlis) 18 feb 2019, 22.35 (CET)
- Fine jo, Drewes. We hawwe it hjir alris earder oer hân. Ik bin poer tsjin op it skriuwen fan titels mei lytse letters, en ik tocht doe dat it sa foar de hân lei om titels mei haadletters te skriuwen dat ik de oare meidoggers maklik oertsjûgje kinne soe om dat ek te dwaan. Dat bliek in misrekken te wêzen. No ja, ik kin jim net twinge om titels mei haadletters te skriuwen, mar ik lit my der beslist net fan ôfbringe. Dus dan moat eltsenien it mar dwaan sa't it him it bêste taliket. Ik wit it oars ek net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 feb 2019, 22.47 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Wat jo en ik tinke docht net ta de saak. De offisjele titels jilde, dy fan de skriuwer en útjouwer! Drewes (oerlis) 18 feb 2019, 23.08 (CET)
- Dat bin ik net mei jo iens. Neffens my is it al of net skriuwen fan titels mei haadletters in stylfiguer dy't net direkt wat mei de desbetreffende titel te krijen hat. No bêst, as jo mei alle geweld de haadletters út 'e titel helje wolle, dan moatte jo it ek mar witte. Mar dan is foar my dizze hiele side bedoarn. Bah! Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 feb 2019, 23.41 (CET)
- Moarn Drewes en Ieneach fan 'e Esk. Spitich dat yn dit oerlis fan justerjûn útroptekens brûkt waarden, dêr wurde de arguminten net sterker fan. (Mar it wie al wat letter op 'e jûn..) Yn gefallen lykas hjirboppe is it goed om werom te gean nei de basis fan dit moaie Wikipediaprojekt: de ynhâld fan dizze ensyklopedy is basearre op 'gesachhawwende' boarnen. At dy inoar tsjinsprekke soene kin oerlis folgje. Frou Watzema (oerlis) 19 feb 2019, 08.37 (CET)
- Och, Frou Watzema, dy útroptekens... Myn útrop wie inkeld in utering fan dat ik fan dit mieningsferskil flink baalde, en it wie beslist net op 'e iene op oare manier persoanlik bedoeld rjochting Drewes. En ik wit seker dat Drewes ek neat persoanliks yn myn rjochting bedoelde. We binne it allinnich net mei-inoar iens. Tsja, dat komt foar, seker as it oer opfettings giet, sa't hjir it gefal is. En as ik by mysels te rie gean, en ik lês wat Drewes hjirboppe skreaun hat, dan tink ik ek net dat we it hjiroer noch iens wurde sille. No ja, dat is ek net de ein fan 'e wrâld, dus litte we der gjin grutter probleem fan meitsje as it is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 feb 2019, 14.41 (CET)
- Moarn Drewes en Ieneach fan 'e Esk. Spitich dat yn dit oerlis fan justerjûn útroptekens brûkt waarden, dêr wurde de arguminten net sterker fan. (Mar it wie al wat letter op 'e jûn..) Yn gefallen lykas hjirboppe is it goed om werom te gean nei de basis fan dit moaie Wikipediaprojekt: de ynhâld fan dizze ensyklopedy is basearre op 'gesachhawwende' boarnen. At dy inoar tsjinsprekke soene kin oerlis folgje. Frou Watzema (oerlis) 19 feb 2019, 08.37 (CET)
- Dat bin ik net mei jo iens. Neffens my is it al of net skriuwen fan titels mei haadletters in stylfiguer dy't net direkt wat mei de desbetreffende titel te krijen hat. No bêst, as jo mei alle geweld de haadletters út 'e titel helje wolle, dan moatte jo it ek mar witte. Mar dan is foar my dizze hiele side bedoarn. Bah! Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 feb 2019, 23.41 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Wat jo en ik tinke docht net ta de saak. De offisjele titels jilde, dy fan de skriuwer en útjouwer! Drewes (oerlis) 18 feb 2019, 23.08 (CET)
Wy sille der skielk noch wolris oer yn petear. Drewes (oerlis) 19 feb 2019, 18.33 (CET)