Oerlis:Fêreu-eilannen

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Servien

Wolle wy dizze namme ek ferfryskje ta "Fêreur"? Wat fine de oare meidoggers? Ieneach fan 'e Esk (talk) 15 des 2013, 15.16 (CET)Beäntwurdzje

Ik kin der mei libje. Lykwols, dy dy 'eur'-meartalsfoarm yn it Frysk docht my nuver oan. Ik leau da'k Fêreu-eilannen leaver haw. Drewes (talk) 16 des 2013, 12.26 (CET)Beäntwurdzje
Ik ha der gjin problemen mei, yn oare talen wurdt it ek dien. --Geoffrey (talk) 16 des 2013, 20.47 (CET)Beäntwurdzje

Ik haw Drewes syn kommentaar ris yn my omgean litten, mar ik fyn "Fêreu-eilannen" ferhipte dreech te ferbûgen. Want hoe moatte je ien neame dy't dêr weikomt? In Fêreujer? Dat docht my wer nuver oan. Ik stel foar om der dan mar de Fêreureilannen fan te meitsjen, dan kinne wy it ferbûge as Fêreursk, Fêreurder, wylst dan de "eur"-meartalsfoarm fertsjustermoanne wurdt. Ieneach fan 'e Esk (talk) 16 des 2013, 22.35 (CET)Beäntwurdzje

Ik hie Faroe Islands as foarbyld fansels. By Fêreureilannen hawwe jo twa meartalsformen dochs? It Ingelsk hat ek Faroese literature, dan soe Fêreusk(e) en Fêreujer neffens my ek wol kinne... Nochris, ik liz ek net wekker fan Fêreur. Drewes (talk) 17 des 2013, 16.47 (CET)Beäntwurdzje
Wurdt de 'r' op de ein wol goed útsprutsen yn it Ingelsk? --Geoffrey (talk) 17 des 2013, 17.29 (CET)Beäntwurdzje
De Ingelske foarm hat gjin 'r' op 'e ein, Geoffrey. Of begryp ik jo no ferkeard? Ieneach fan 'e Esk (talk) 18 des 2013, 15.14 (CET)Beäntwurdzje
En as reäksje op Drewes: Ik hie wol troch hoe't jo oan "Fêreu-eilannen" kamen, en dy dûbele meartalsfoarm wie my ek bekend, mar ik tink dat wy datoangeande útsûnderings binne. Mar wy kinne it moeilik fan "Skieppe-eilannen" neame (wat de eigentlike betsjutting is) en yn it Nederlânsk hearre je Faeröereilanden ek geregeld foarbykommen. Mar ik haw ditoangeande gjin dúdlike foarkar. As dy ferrekte ûnfryske umlaut net op dy 'o' stien hie, hie it om my wol moai Faeröer bliuwe kind. Mei "Fêreur" besocht ik sa ticht mooglik tsjin 'e útspraak oan te wriuwen, mar as wurdfoarm fyn ik "Fêreu-eilannen" ek wol aardich (al sit "eilân" der dan noch altyd 2x yn; "faer" = skiep, "ö" = eilân). Mar ik haw ek al tocht, miskien kinne wy it ferbûge as "Fêreuster" (al docht dat miskien wer wat tefolle tinken oan "oester"). Dreech, dreech... Ieneach fan 'e Esk (talk) 18 des 2013, 15.14 (CET)Beäntwurdzje
Nee Ieneach do hast my goed begrepen. Ik hie noch net sa fier sjoen asto dochst. Do hast der yn elts gefal goed oer neitocht. Wat my oanbelanget, fiel dy frij. --Geoffrey (talk) 19 des 2013, 22.42 (CET)Beäntwurdzje

Fêreu-eilannen is een beatjen dubbelup -øer beteykent al -eilanden, düs feitelik steyt der: Fêreu-eilannen-eilannen, düs of: Fêreilannen (of selvs Fêreagen) of Fêreuer, de taal is dan Fêreusk (of: Fêreagsk). Servien (oerlis) 26 des 2018, 22.54 (CET)Beäntwurdzje

Ja, dat argumint haw ik hjirboppe ek makke, mar der is hast gjin kop yn Nederlân dy't dat wit, dat yn oerlis is besletten ta de foarm "Fêreu-eilannen". Dat, jo fiere gjin nije arguminten oan. Ek yn it Nederlânsk wurdt frij algemien sprutsen fan Faeroereilanden en de Ingelske foarm is Faroe Islands, ek beide mei deselde ferdûbeling fan efterheaksels dy't 'eilannen' betsjutte. Wat my oangiet is der dêrom gjin reden om op it earder nommen beslút werom te kommen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 des 2018, 22.15 (CET)Beäntwurdzje
Was evven benyd når de readen derachter. Ik had et persoonlik neet lyden, mär dat kümt ümdat ik der etymology derachter kenne. De benaming Faeröers (færøsk) in et NL vind ik üm disse readen ouk vremd ('Schapeneilandens', in plaatse van 'Schapeneilands'). Groetenis Servien (oerlis) 29 des 2018, 14.16 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Fêreu-eilannen".