Oerlis:Frjentsjerter Bridge Klup

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Drewes

Klup Drewes (oerlis) 1 jul 2018, 00.00 (CEST)Beäntwurdzje

De foarm 'klub' mei ek, neffens it Frysk-Nederlânsk Wurdboek. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jul 2018, 00.16 (CEST)Beäntwurdzje
At Partycentrum Bloemketerp kin, mei fan my tenei alles. Drewes (oerlis) 1 jul 2018, 00.24 (CEST)Beäntwurdzje
Bêste man, hoe moat ik dat dan oersette? "Partysintrum"? Dat hat ek net folle doel, om 'centrum' te ferfryskjen, mar 'party' stean te litten. "Feestsintrum"? Dan betinke jo ek nea wer dat it yn it echt 'partycentrum' hjit. Ik fyn it ek waardeleas, al dat Ingelsk, mar yn dit gefal haw ik der mar foar keazen om 'e hiele Ingelske kreet 'partycentrum' gewurde te litten. En Bloemketerp... Ja, sa hjit it no ienris. Dat is Frjentsjertersk. As ik it Ingelsk stean lit, fyn ik it wat apart om it Frjentsjertersk wol oer te setten. It is al 'en duvel kompromissen. As jo wat betters witte, sis it mar. Hoe dan ek, ik bin op it stuit net fan doel om dêr in side oer oan te meitsjen. Al dy ferienings haw ik trouwens ek net aktyf om socht; dat waard my yn 'e skurte smiten doe't we in Frjentsjerter Krante krigen mei in katern dêr't se har allegear yn presintearren foar de Akademyske Dagen. Sûnde om dy ynformaasje ferlern gean te litten, tocht ik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jul 2018, 01.06 (CEST)Beäntwurdzje
Ha! Goed, lit earst mar gewurde. Drewes (oerlis) 1 jul 2018, 01.23 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Frjentsjerter Bridge Klup".