Frjentsjerter Bridge Klup

De Frjentsjerter Bridge Klup (Nederlânsk en offisjeel: Franeker Bridge Club, gauris ôfkoarte ta FBC) is in klup op it mêd fan it kaartspul bridge yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. De feriening waard oprjochte yn 1950 en is oansletten by it Nederlânsk Bridge Bûn (NBB). De Frjentsjerter Bridge Klup telde yn 2018 156 leden, dy't op tiisdeitejûn en/of op tongersdeitemiddei gearkomme yn Partycentrum Bloemketerp om op trije ûnderskate nivo's yn kompetysjeferbân te bridgen.

Frjentsjerter Bridge Klup
Franeker Bridge Club
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FBC
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd bridge
fêstige yn Frjentsjer (Fryslân)
oprjochte 1950
tal leden 156 (2018)
offisjele webside
www.nbbclubsites.nl/club/17006

Behalven it fasilitearjen fan it bridgespul foar de leden, wol de Frjentsjerter Bridge Klup it spyljen fan bridge yn noardwestlik Fryslân oanfiterje. Dêrom wurde kursussen oanbean foar begjinners, lju dy't it spul al wat kinne, en spilers dy't op heech nivo fierder wolle. By genôch dielname wurde sokke kursussen holden op moandeitejûn of woansdeitemiddei. Ien kear yn 't jier, op 'e lêste sneon fan 'e hjerstfakânsje, organisearret de Frjentsjerter Bridge Klup fierders it Waadhoeke Bridge Toernoai, dêr't likernôch 180 spilers út hiel Nederlân op ôfkomme. Under de Akademyske Dagen fan 2018 besocht de Frjentsjerter Bridge Klup it bridgespul ûnder de oandacht fan in breder publyk te bringen troch it útdielen fan promoasjemateriaal en it spyljen fan demonstraasjepartijen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: