Oerlis:Grêft

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Singel

@Drewes: Goeiemiddei. Hoe wie dat ek wer mei Drachten, Drewes? Dêr wie ek wat mei it op 'e nij graven fan in grêft, net? Of wie dat in feart? Der stiet my noch al wat fan by, mar it fijne wit ik der net mear fan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2018, 14.50 (CEST)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk: Jo bedoele de Drachtster Feart (wetter) dy't fan de Suderhegewei nei it sintrum trochlutsen waard en yn 2015 offisjeel iepene waard. Drewes (oerlis) 4 sep 2018, 16.08 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes: Ah, dat wie it. Ik wist dat der wat wie, mar wat krekt, dat wie ik kwyt. Mar in feart is gjin grêft, fansels, dat dan set ik it hjir mar net by. Yn elts gefal tank foar de ynfo. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2018, 16.13 (CEST)Beäntwurdzje

Singel bewurkje seksje

Neffens my is, yn Fryslân, in singel gjin grêft (ik staverje it mar offisjeel, mar haw nea oars heard as greft). Frysk Hânwurdboek: Singel, leane nei of om in hiem hinne, of om in stêd hinne. (Drewes)

Jo hiene samar gelyk hawwe kind, want ik leau net dat ik dit neisjoen hie doe't ik it út it Nederlânsk oernommen hie. Wol wat ûnsoarchfâldich fan my, mar goed. Mar hjirboppe jouwe jo allinnich de earste fan 5 betsjuttings dy't yn it Frysk Hânwurdboek steane:
"1: leane nei of om in hiem hinne, of om in stêd hinne; 2: grêft om in hiem of stêd hinne; 3: leane yn in bosk, tusken boskperselen; 4: koarde om it koarkleed fan in pryster; 5: búkrym fan in hynder."
Nûmer 2 is likernôch synonym mei grêft, al moat ik tajaan dat ik dat wurd yn it Frysk noch nea brûken heard haw. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2018, 22.07 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Grêft".