Oerlis:Grypskerk
Stimming
bewurkje seksjeNo is der lêsten in stimming oer de nammen west, mar ik freegje my ôf hoe akkuraat de oanhelle kaart/boarne yn it gefal fan dit doarp is. Nearne op it ynternet en yn de media sjoch ik yn it Frysk de namme Grypskerk brûkt wurden, oeral wurdt it as Gryptsjerk of Grypstsjerk stavere. Sels sis ik ek altyd Gryptsjerk, hjir op Wikipedy lês ik foar it earst yn myn libben dat it Grypskerk wêze soe.
De boarne dy't oanhelle wurdt is oan de âlde kant, en sa't wy allegear witte is de stavering fan in taal in altyd trochgeand en feroarjend proses. It liket my net winsklik om in namme/skriuwwize te brûken dy't yn de praktyk net ynboargere is, yn myn eagen is dat hjir no wol it gefal. Myn foarstel is dan ek om de wiziging fan de sidenamme ûngedien te meitsjen. PDZ124169 (oerlis) 20 jul 2019, 01.20 (CEST)
- Ik bin dêr foar. Grypskerk: fleis noch fisk. Grijpskerk fyn ik oars ek prima. Drewes (oerlis) 20 jul 2019, 19.07 (CEST)
- Jo wenje der tichterby as ik, ik gean dêrom op jo ôf en bin dan ek foar oanpassing. Miskyn ek efkes melde op de side mei Stimmerij? Dan bliuwt it Oerlis wat by elkoar. Binne der mear plakken krekt oer de Grins dêr't sok mûnling brûken by spilet? Frou Watzema (oerlis) 20 jul 2019, 19.45 (CEST)
Tsja, as ik dit lês, freegje ik my ôf wêrom't we der eins oer stimd hawwe. As it resultaat dochs daliks wer ter diskusje steld wurdt, dan hiene we it ek likegoed litte kinnen. Wat de oanhelle boarne oanbelanget, dy is út 1986, wat hartstikkene resint is, kwa soksoarte boarnen fan Frysktalige plaknammen. As je it stikje hjirboppe lêze, soene je sizze dat it om in kaart giet út 1650 of sa. Wat de akkuratens oangiet, dêr kin ik fansels net foar ynstean. Ik haw dy kaart net makke, mar der binne al lju fan 'e Fryske Akademy oer gear west. No bin ik fan miening dat de F.A. wolris mis is (bgl. ek mei de stavering fan 'hoareka'), dus dat soe hjir ek samar kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 jul 2019, 22.56 (CEST)
Plus, achte meidoggers, ik foarsis jimme dat oer twa, trije of fjouwer jier nije, jongere meidoggers de saak fan ferfryskjen fannijs op it aljemint bringe wolle. Drewes (oerlis) 21 jul 2019, 18.38 (CEST)
- It nochris neilêzend besef ik dat ik hjirboppe noch gjin miening jûn haw fan wat ik fan it foarstel fan PDZ124169 fyn. Dus by dizzen: ik bin net mei Grypskerk troud, dus in ferfryske foarm dêr sil ik ek net wekker fan lizze. Dan soe it neffens my 'Grypstsjerk' wêze moatte, want wêr bedarret dy s yn 'Gryptsjerk'? 'Grypskerk' of 'Grijpskerk' haw ik lykwols ek neat op tsjin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 jul 2019, 22.00 (CEST)