Oerlis:It Bilt

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Kneppelfreed by it ûnderwerp "It etnysk Fryske doarp Minnertsgea"

Is it no mei t, d of dt?

Yn it Frysk mei in t, en yn it Nederlânsk, de offisjele namme, mei dt. (Oanpast.) Aliter 02.07, 17 nov 2003 (UTC)

Is it in idee en nim de ynformaasje fan dy keppeling oer it Biltsk oer op ús side? (Of op in oare side.) Aliter 11.53, 18 nov 2003 (UTC)

It is wol nijsgjirrige ynformaasje. Faaks it wol aardich om de side oer it Bilts (ek) yn it Bilts op te nimmen. Ik haw de skriuwer fan it stik, Aldert Cuperus frege om tastimming foar letterlike oername ûnder de betingsten fan it projekt. As ik dêr antwurd op krij, meitsje ik dêr hjir wol melding fan. B.

19-11-03: Tastimming fan Aldert Cuperus om it stik yn syn hiele hear en fear oer te nimmen. Ut respekt foar Aldert stel ik foar om wol de ferwizing nei de orizjinele tekst, sa't dy op Skrift.nl stiet, op dy nije side oer te nimmen. B.

Ja. Eat as "De ferzje fan <datum> wie in oersetting fan <titel>, Aldert Cuperus, op Skrift.nl", soe ik sizze. Of "in part fan dizze side wie <datum> ...".
As jo indie yn dit gefal ek de Biltker fersje tafoegje, dan soe dat "wie/waard oernaam fan" wêze fansels. (Nim al op dy side op dat dy mei sin yn it Biltsk is, oars set in oar it letter wer oer. Faaks kinne de Bildske ferzje tsjinje as foarbyld fan oerienkomst en fersil fan it Frysk en it Biltsk? De fryske ferzje sil fansels al feroarje.) Aliter 03.53, 20 nov 2003 (UTC)

"It etnysk Fryske doarp Minnertsgea"

bewurkje seksje

Moat dat der no echt op? Ik snap fansels wat men dermei sizze wol, mar sa'n bewearing giet út fan twa oanneames dêr't ik noch net sa wisse fan bin:

  1. Der is sokswat as in Fryske etnisiteit (is wat foar te sizzen, mar ek in protte tsjin te sizzen: is dat hiele konsept fan de "Fryske naasje" net gewoan in romantyske útfining, krekt as alle nasjonalisme?)
  2. De Biltkers hearre dêr, ek nei 500 jier, net by.

Fral oer it twadde meitsje ik mei soargen (?). Wat moatte je dwaan om Fries te wêzen? De taal prate? Dan falle dochs alle Stêdsbewenners ôf... Of moatte je "Frysk bloed" hawwe? Moat dyn family al 2000 jier yn Fryslân wenne ear't je in Fries binne?

Ik leau fansels al dat der sokswat is as in Fryske identiteit, en dat de taal der in tige wichtich part fan is. Mar yn in ensiklopedy samar de suggestje te lêzen dat de Biltkers gjin Friezen binne, dat giet my wat te fier. Kinne we der net fan meitsje: "Yn 1984 waard de Gemeente It Bilt útwreide mei Minnertsgea, in doarp op it âlde lân"? Dat liket my in soad neutraler. Steinbach (oerlis) 14 feb 2022, 19.23 (CET)Beäntwurdzje

Ik bin it folslein mei Steinbach iens! Drewes (oerlis) 14 feb 2022, 19.36 (CET)Beäntwurdzje
Hmm. Ik fyn dit it ûntkennen fan 'e reäliteit. It yn twifel lûken fan it bestean fan 'e Friezen as etnyske groep haw ik frijwat argewaasje fan. Der is neat tsjin it bestean 'e Fryske etnisiteit te sizzen. Dy bestiet.
Wat dit stik oer Minnertsgea en it Bilt oangiet: der bestiet ek gewoan in etnysk ferskil tusken de Friezen en de Bilkerts. Ik haw grutte sympaty foar de Bilkerts en harren taal, mar it binne no ien kear gjin etnyske Friezen. Dat wolle se sels ek net wêze, want se hawwe in eigen etnisiteit dêr't se rjochtlik grutsk op binne. Yn it ferline hawwe Bilkerts har hiel faak en in protte ôfset tsjin 'e Friezen en it Frysk. Dy tiid is lokkigernôch wat foarby, en tsjintwurdich lûke foarfjochters fan 'e Friezen en de Bilkerts wat polityk en taal oangiet mei-inoar op.
Ik moat earlik sizze, ik sjoch it probleem net. Minnertsgea hat nea in Biltske befolking hân. Fansels sille der grif wol inkele Bilkerts wenje, mar dat is ymport, krekt sa't Friezen yn Sint-Anne en Sint-Jabik dat ek binne. Dus ik sjoch net yn wêrom't it "neutraler" moat, of wêrom't de foarstelde tekst "neutraler" wêze soe. Oan 'e oare kant haw ik ek net folle tsjin op 'e foarstelde ferfangende tekst, mar dy fyn ik net better of neutraler, allinne mar oars.
Ik slút my by 1each oan. --Kneppelfreed (oerlis) 15 feb 2022, 12.18 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "It Bilt".