Oerlis:Julius Burmania van Andringa de Kempenaer
Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Frou Watzema
@Frou Watzema: Julius, berne yn 1813, soe rjochten studearre hawwe yn Frjentsjer. De Universiteit fan Frjentsjer waard lykwols yn 1811 opheft. Dêrnei krige dy stêd in ateneum. Hjoed-de-dei kin der gjin rjochten studearre wurde oan sa'n skoaltype en ik tink doedestiids ek net. Drewes (oerlis) 13 feb 2019, 20.56 (CET)
- Dêr wie ik ek al oer stroffele. Oars as Drewes bin ik net sa fatsoenlik west om oer te gean ta oerlis; ynstee haw ik de ferwizing nei it studearjen yn Frjentsjer der daliks úthelle. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 feb 2019, 23.20 (CET)
- @Drewes: en @Ieneach fan 'e Esk:Dat er nei 1811 yn Frjentsjer studearre hat woe my earst ek net oan. Mar de ynformaasje komt út in betroubere boarne hjir. (Der stie ek net dat er oan de Universiteit fan Frjentsjer studearre hat) De namme Tresoar" wurdt dêr ek by oanjûn. En der binne wol mear boarnen as bygelyks hjir, mar die kinne fansels út ien en dezelde 'oerboarne' komme. 'k Haw ek in ferklearring socht hoe't it dan krekt sitten hat, mar bewizen foar dy teory ha'k net fûn: It Atneneum wie fansels wol in oar Ateneum as nei de Mammûtwet. De oplieding oan it Ateneum waard grif troch partikulieren út de hegerein betelle. Dy hegerein hie in soad amten, en se hiene dus belang by in soad kennis oer Rjocht. Groetnis, Frou Watzema (oerlis) 14 feb 2019, 09.19 (CET)
- Hjir stiet mooglik de ferklearring: Van 1815 tot 1843 bestond ze nog voort als ‘atheneum’ – een universiteit waaraan men alleen een vooropleiding kon volgen maar niet kon afstuderen.. Frou Watzema (oerlis) 14 feb 2019, 18.57 (CET)
- @Drewes: en @Ieneach fan 'e Esk:Dat er nei 1811 yn Frjentsjer studearre hat woe my earst ek net oan. Mar de ynformaasje komt út in betroubere boarne hjir. (Der stie ek net dat er oan de Universiteit fan Frjentsjer studearre hat) De namme Tresoar" wurdt dêr ek by oanjûn. En der binne wol mear boarnen as bygelyks hjir, mar die kinne fansels út ien en dezelde 'oerboarne' komme. 'k Haw ek in ferklearring socht hoe't it dan krekt sitten hat, mar bewizen foar dy teory ha'k net fûn: It Atneneum wie fansels wol in oar Ateneum as nei de Mammûtwet. De oplieding oan it Ateneum waard grif troch partikulieren út de hegerein betelle. Dy hegerein hie in soad amten, en se hiene dus belang by in soad kennis oer Rjocht. Groetnis, Frou Watzema (oerlis) 14 feb 2019, 09.19 (CET)
- Ik ha hjoed alle artikels oer in Athenaeum Illustre, dat ek de offisjele beneaming fan dy fan Frjentsjer wie, yn de grutte Wikipedyen lêzen. It wurd 'rjochten' komt der net yn foar. Boppesteande beskriuwing betsjut sa'n bytsje 'tariedend wittenskiplik ûnderwiis' (VWO) wat it ateneum hjoed-de-dei is. Drewes (oerlis) 14 feb 2019, 19.33 (CET)
- @Frou Watzema en Drewes: We kinne yn it artikel gewoan sette dat er it ateneum yn Frjentsjer folge hat (of noch algemiener: dat er yn Frjentsjer nei skoalle gie), en dat er dêrnei rjochten studearre yn Leien. Dan is it neffens my klear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 feb 2019, 21.34 (CET)
- No soe ik graach like fatsoenlik as Drewes lykje wolle en lit it dêrom graach oan jim oer (Fiel jo frij ensfh.). Frou Watzema (oerlis) 16 feb 2019, 19.08 (CET)