Oerlis:Koergan (grêfhichte)
Lêste reäksje: 7 jier lyn troch Geoffrey
Yn it artikel wurdt ek skreaun oer koerganstele', 'stele' komt fan 'steel'. Soe dat yn it frysk net better skreaun wurde moatte as 'koerganstâle'?--Geoffrey (oerlis) 26 feb 2017, 09.28 (CET)
- Of 'stêle'? Drewes (oerlis) 27 feb 2017, 20.19 (CET)
- Ja, dat moat 'stêle' wêze, tink. It sil etymologysk wol besibbe wêze oan 'stâle', mar om dy foarm te brûken soe in ferkeard byld jaan, liket my; in stâle is dochs wat oars. Op 'e side nl:Stele stiet: "Stele (ook stèle en stela; meervoud: stelae of steles)". As se it yn it Nederlânsk eins hearre te skriuwen as stèle, dan moat it yn it Frysk mei in ê, tinkt my. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2017, 16.49 (CET)
- Tankewol foar it meitinken. --Geoffrey (oerlis) 1 mrt 2017, 20.40 (CET)