Oerlis:Ljouwertersk
"No hearre ta de gemeente Ljouwert fansels wol de fierhinne Frysktalige doarpen om 'e stêd hinne (noch net dy yn it eardere Boarnsterhim, want dat wie yn 2009 noch in selsstannige gemeente), mar dat kin dy hommelse weromfal fan 20% nei 10% net ferklearje." Nee, mar wat oars kin dat al. Der is namlik in ferskil tusken in taal (of dialekt) prate en him as memmetaal hawwe. Der wurde al sûnt de jierren seistich net folle bern mer yn it Stedsk opbrocht, mar op strjitte, yn 'e kroech, yn it Cambuur-stadion, ... kin de oprjochte Ljouwerter it al oppikke. Stêdsdialekten hawwe faak in "berge prestizje": yn offisjele bereiken gjin hege status mar wol tige wichtich foar de identiteit fan in mienskip. Sa is de generaasje dy't noch yn it Stêdsk opbroch wie no oan it útstjerren, mar fine je noch genôch Leewadders (of wat derfoar trochgiet) op it ynternet. At je de twaddetaalsprutsers meirekkenje, komme je wol oan 'e 20%. Steinbach (oerlis) 28 apr 2019, 22.30 (CEST)
- Graach in gesachhawwende boarne foar jo 20% Steinbach. Drewes (oerlis) 28 apr 2019, 23.03 (CEST)
- "Myn" 20%? Dat stiet gewoan yn it artikel. En dat komt út it boekje "Fries en Stadsfries" fan Pieter Duijff, út de reeks 'Taal in stad en land'. Stiet ek by my yn 'e kast. Steinbach (oerlis) 28 apr 2019, 23.38 (CEST)
- Bêst genôch, jo idee is wol oannimlik, hoewol't yn 'e boarnen nearne mei safolle wurden stiet dat it ferskil tusken 10% en 20% him yn twadde-taalsprekkers sit. Ik sil jo opmerking yn it artikel opnimme mei in slach om 'e earm troch it wurd 'mooglik' te brûken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 apr 2019, 17.23 (CEST)
- "Myn" 20%? Dat stiet gewoan yn it artikel. En dat komt út it boekje "Fries en Stadsfries" fan Pieter Duijff, út de reeks 'Taal in stad en land'. Stiet ek by my yn 'e kast. Steinbach (oerlis) 28 apr 2019, 23.38 (CEST)