Oerlis:Martinus Nijhoff Fertaalpriis
Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Drewes
@Frou Watzema: 'Oersette' is net better as 'fertale'. Drewes (oerlis) 9 apr 2019, 18.26 (CEST)
- Dat is wol sa, mar yn de boppeste rigel wurdt ek 'oersetting'brûkt. Hoe geane jimme om mei twa synonimen op ien side? Moat dat al/net lyklutzen wurde of kin it gewoan neist elkoar yn ien artikel bestean? Frou Watzema (oerlis) 9 apr 2019, 18.52 (CEST)
- Wikpedy hat gjin regels wat dit oanbelanget. Persoanlik fyn ik it wol aardich om synonimen yn in stikje te brûken. Is ek in stikje ûnderwiis foar de lêzer, sis mar. Rige-searje, se-sy-hja, dominy-dûmny, om my meie se neist elkoar bestean as it dan ek mar fan it wurdboek mei. Al moat ik tajaan, dat der sadwaande wol in wat rommelich sidebyld fan komme kin. Drewes (oerlis) 9 apr 2019, 19.19 (CEST)