Oerlis:Merkuerius fan Smolensk
Lêste reäksje: 4 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
Wêrom net Merkurius? Drewes (oerlis) 10 feb 2017, 19.44 (CET)
- Sjoch: Taalweb Frysk Merkurius Drewes (oerlis) 11 mai 2020, 17.18 (CEST)
- Tsja, dat fyn ik dan dochs ek wer apart. As der yn it Frysk in ú-klank foar in r stiet, en de klam falt op dy ú-klank, dan wurdt it in twalûd, en dêrom stavere as 'ue'. (Ferlykje it ferskil tusken 'urine' en 'ûnhuere'.) As we de stavering fan dizze namme ferfryskje fan, ik nim oan, Mercurius, dan snap ik net wêrom't je dan healwei ophâlde soene by 'Merkurius', dat gjin korrekte ferfrysking is, en ek net de goede oarspronklike stavering. Neffens my kin de klam by de stavering 'Merkurius' neffens de Fryske staveringsregels net op it twadde wurdlid falle, dus hoe moatte we de namme dan útsprekke?
- Dit rekket oan 'e ferfrysking fan Latynske nammen dy't hjir yn 'e Wikipedy al ynboargere wie foar't ik hjir binnenkaam. Ik freegje my ôf oft we dêr net better fan ôfstappe kinne. Ik fyn 'Merkuerius' ek gjin moaie stavering, mar wol ien dy't op korrekte wize ferfryske is. In oare namme dêr't ik problemen mei haw, is Fransiskus Ksavearius, dy't (ek al troch in korrekte ferfrysking) suver net werom te kennen is as Franciscus Xaverius. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mai 2020, 18.22 (CEST)