Oerlis:Middelbrêge

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@Mysha: Ik haw by de kategory-yndieling "Bouwurk út de 20e iuw" set. Hawwe jo noch in idee wannear't dizze brêge krekt boud is? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 mrt 2023, 15.27 (CEST)Beäntwurdzje

Nee, dat is grif te nij. De Piipstegen hjitte grif al jierren sa: De Lange Piipsteech hjit nei in piip dy't al lang fuort wie. Ik soe sizze dat Schotanus beide stegen en brêgen al hie. Dat makket de brêgen út de 17e iuw as âlder. Sis it as ik der in kaart by-helje moat. Mysha (oerlis) 28 mrt 2023, 12.47 (CEST)Beäntwurdzje
It kin wol wêze dat der yn 'e 17e iuw al brêgen op dy plakken leine, mar it giet even om 'e konstruksje fan no. Jo wolle dochs net sizze dat de spesifike brêge dy't der no leit noch út 'e 17e iuw datearret? Dy sille dochs grif alris ferfongen wêze, net? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2023, 22.49 (CEST)Beäntwurdzje
Ik wol sizze dat it pipen binne, yn dy sin gjin brêgen. Sjoch, dy brêgen fan Johannes Philippus Hogendijk binne brêgen. Dy binne no hast allegear fuort fanwegen it ferkear. De pipen binne ek in manier om oer it wetter, mar dy binne boud as wie it fêste wal mei in gat der yn. Sjoch, de Wetterpoarte is al mear as 400 jier âld, en de poarte is út en troch oanpast, mar ik haw nea heart dat de piip feroare waard. Grif sil út en troch in minne stien ferfongen wêze, mar it bouwurk is itselde. (It is ek lang lyn dat der in museum yn siet.) De Middelbrêge op it Grutsân is jierenâld. Dy yn it Lytssân wie in platte brêge, en om 1900 hinne kaam der in Hogendijk-brêge yn. En dy is ek al wer fuort. De Heecheinder Middelbrêge hat ek de hân fan Hogendijk field. Mar Hogendijk hie skynber de opdracht en ferfang minne brêgen. Yn it Grutsân is net in nije brêge kaam, dat ik nim oan dat dy noch goed wie. Mysha (oerlis) 29 mrt 2023, 09.52 (CEST)Beäntwurdzje
O. No ja, dan pas ik it even oan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 mrt 2023, 15.15 (CEST)Beäntwurdzje

Kaartsje?

bewurkje seksje

Hoi @Mysha, it soe faaks moai wêze dat jo in posysjekaartsje der op sette kinne sa as bygelyks op dizze side. Wy hawwe kaarten fan Snits, sa as bygelyks dizze of dizze brûke en de koördinaten kinne jo bygelyks op Google Earth sykje en dy der ynfolje, sa't dy hjir op de side fan Diezerpoarte ynfolle binne. Kneppelfreed (oerlis) 28 mrt 2023, 18.00 (CEST)Beäntwurdzje

Wolle jo freegje at wy de posysje oantsjutte kinne mei sa'n kaart dêr't it krekte plak by ferdwynt at men it grutte makket om it krekter sjen te kinnen? Ja, dat kin, mar ik bin âld genôch dat ik in bril nedich haw, dat dat fyn ik gjin bêste oplossing.Mysha (oerlis)
Werom nei de side "Middelbrêge".