Oerlis:Museu de Arte de São Paulo

Lêste reäksje: 8 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

Werôm hat in artikel oer in Brazyljaansk museum in Ingelske namme? Ik wit it wol, dit wie sa'n spamartikel dêr't dy Brazyljanen der wol mear fan skrean hawwe (case in point: wy hawwe sels gjin artikel oer de stêd São Paulo). Mar as wy it hawwe wolle, dan moatte we ek de titel oanpasse: of Frysk, of Portugeesk. Steinbach (WanabeFries) (oerlis) 2 jun 2016, 21.13 (CEST)Beäntwurdzje

Fiel jo frij. Drewes (oerlis) 2 jun 2016, 21.18 (CEST)Beäntwurdzje
Der binne yn Nederlân ek withoefolle bedriuwen en ynstellings dy't in Ingelske namme hawwe, dus sa gek soe it no ek wer net wêze as dit museum in Ingelske namme hie, mar yn dit gefal hawwe jo gelyk: de offisjele namme is Portegeesk. Ik slút my by Drewes oan. Fiel jo frij om it spul te feroarjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jun 2016, 21.33 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Museu de Arte de São Paulo".