Oerlis:Novospasski-kleaster

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@RomkeHoekstra: Jierrenlang fûn der in oerstadige restauraasje fan it kompleks plak. Dat fette wurd, wat betsjut dat? Ik kin it net fine. Drewes (oerlis) 8 feb 2018, 16.01 (CET)Beäntwurdzje

Oerstadich is tergjend stadich. Stiet yn it wurdboek (jo moatte efkes sjen by de oersetting fan it Nederlânske wurd "tergend").--RomkeHoekstra (oerlis) 8 feb 2018, 16.22 (CET)Beäntwurdzje
Tige tank, wer wat byleard! Drewes (oerlis) 8 feb 2018, 16.24 (CET)Beäntwurdzje

Hoi @RomkeHoekstra: ik seach dat jo Russyske siden dy't einigje mei "y" omneame om se einigje te litten yn "i". Ik miende dat we se op "y" einigje lieten of hawwe we gjin regel foar sokke nammen op de Fryske Wikipedy? Om konsekwint te bliuwen soene se allegear op deselde foarm "i" as "y" einigje moatte. Wat fine oare meidoggers @Drewes, Ieneach fan 'e Esk, FreyaSport, en Wutsje: hjirfan? Gr. --Kneppelfreed (oerlis) 5 jun 2022, 22.17 (CEST)Beäntwurdzje

Goejûn mei-inoar. Wat ik hjirfan fyn is ditte. It skriuwen fan 'e wurdeinige i-klank as y is in ûnderdiel fan 'e Fryske stavering. Russyske toponimen, ôfsjoen fan inkelen lykas Moskou en Sint-Petersburch, binne gjin ûnderdiel fan 'e Fryske stavering. Dus likemin as dat we alle Italjaanske toponimen dy't op -i einigje (Bari, Cagliari, Rimini) mei -y skriuwe, soene we dat nei myn miening mei Russyske dwaan moatte. Dêr bestiet ek gjin needsaak ta, mei't in -i oan 'e ein fan in wurd net as i fan "mis" útsprutsen wurde kin. No hat it Syrillysk skrift sa't dat foar it Russysk brûkt wurdt, twa letters foar i-klanken. De и (haadletter И) wurdt transliterearre as "i", wylst de ы (haadletter Ы) oer it algemien transliterearre wurdt as "y". Ik fyn dat we dat ferskil yn transliteraasje ek oan 'e ein fan wurden oanhâlde moatte. Dus de stavering fan in wurdeinige i-klank hinget wat my oanbelanget ôf fan 'e Russyske stavering fan dy spesifike namme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jun 2022, 01.28 (CEST)Beäntwurdzje
Ynearsten transliterearre ik de 'и' as 'y', mar dat wie earlik sein mear gefoelsmjittich. Ik ha doe oan Ieneach in transliteraasjelist frege en sûnt transliterearje ik de 'и' nei in 'i'. Ik bin wat mei ûnderhâld fan âldere siden oan de gong en it like my better foar de unifoarmiteit om de nammen no oan te passen en konsekwint de 'y' yn dy gefallen nei in 'i' oer te setten. Ik slút my fierder by Ieneach oan. Faaks is it in idee om de transliteraasjelist nei it lemma oer it Russysk te kopiëarjen, sadat it foar elk dúdlik is? Ik kaam ek in lemma tsjin dêr't immen oer it Nowodewitsjy-kleaster skriuwt, dat dus Novodevitsji-kleaster wêze moat. De 'в' is dêr ek nochris nei in 'w' transliterearre, mar wy ha it ek net oer Nowgorod, mar oer Novgorod. Ik woe dat ek mar oanpasse.--RomkeHoekstra (oerlis) 6 jun 2022, 14.46 (CEST)Beäntwurdzje
As ik noch eefkes wat oan Romke syn boppesteande opmerking oer de v/w-transliteraasje taheakje mei: ik seach dat de stêd Vladivostok hjir stavere wurdt as "Wladiwostok". Neffens my doocht dat ek net alhiel, al wol ik dêr no ek wer gjin grutter probleem fan meitsje as it is. Mar der is in (tajûn, lyts) ferskil yn útspraak tusken v en w, dat ik fyn "Wladiwostok" eins earder in ferfrysking as dat it in korrekte transliteraasje fan 'e Russyske namme is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jun 2022, 17.42 (CEST)Beäntwurdzje
P.S.: ik haw Romke syn foarstel opfolge en de transliteraasjelisten foar it Russysk en Oekraynsk dy't ik foar him makke hie, tafoege oan 'e artikels oer dy beide talen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jun 2022, 18.05 (CEST)Beäntwurdzje
Ik gean der fanút dat Ieneach en Romke mear ferstân fan dizze saak hawwe as ik. Drewes (oerlis) 6 jun 2022, 16.27 (CEST)Beäntwurdzje

Moai genôch. Romke en Ieneach hawwe dit mei goede arguminten ûnderboud. En noch even oer Wladiwostok/Vladivostok. Ik siet der fannemoarn ek al oan te tinken, mar Ieneach brocht dat al op it aljemint. Ik tink om dêrfoar mar in útsûndering oan te hâlden, want dy namme is bekend genôch en wurdt yn Fryslân ornaris mei in "w" útsprutsen, mar fierders kin ik my der yn fine om de Russyske en oare Syrillyske transliteraasje oan te hâlden foar nammen dêr't gjin tradisjonele Fryske namme foar is. Gr.--Kneppelfreed (oerlis) 7 jun 2022, 03.34 (CEST)Beäntwurdzje

@Drewes, Kneppelfreed, RomkeHoekstra, en FreyaSport: Wolle jimme oars Wladiwostok mei de w-stavering tafoegje oan 'e list fan ferfryske plaknammen om utens? Dat soe om my ek wol kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jun 2022, 23.39 (CEST)Beäntwurdzje
Om my ek wol Kneppelfreed (oerlis) 9 jun 2022, 02.42 (CEST)Beäntwurdzje
Wa't swijt, stim ta. Ik set him derby. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jun 2022, 23.26 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Novospasski-kleaster".