Oerlis:Oera Linda Boek
Lêste reäksje: 11 moannen lyn troch Steinbach
No Aliter, jo hawwe der wol wurk fan makke! It is echt goed wurden. Allinich dit sinneke: "De measte ûndersikers beskôgje it Oera Linda Boek as in mystifikaasje." Ik tink dochs wol dat alle ûndersikers fan hjoed it der wol oer iens binne dat it Oera Linda Boek in mystifikaasje is. WanabeFries 10.01, 25 nov 2005 (UTC)
- It is net allegear myn tekst, fral is it better oardere. Dat oer dy ûndersikers, dêr haw ik allinnich oan feroare dat der earst "falsifikaasje" stie. Mar it is ek wier dat der noch hieltiid ûndersykers binne dy't der al yn leauwe. Dat giet dan gauris om de ferbining mei Aldlân(tis), mar de details binne dêr net te plak. Wat jo oanhelje hie lykwols it begjin fan de lêste sin wêze moatten; ik sjoch no ik haw ferjitten dy keppeling oan te bringen en dêrtroch stiet it der wat pontifikaal. Ik pas it oan. Aliter 20.19, 25 nov 2005 (UTC)
- Ik sil hjir nei 18 jier nochris op werom komme moatte. Aliter seit hjirboppe dat der "noch hieltiid ûndersykers binne dy't der al yn leauwe", en dat dy it mei Atlantis yn ferbân bringe. No sis ik: soksoart lju kinne je mei de bêste wil fan 'e wrâld gjin ûndersikers neame. Dat binne oanhangers van pseudowittenskip. En dat soe der wat my oanbelanget ek dúdlik stean moatte yn it artikel. Steinbach (oerlis) 20 nov 2023, 20.41 (CET)