Oerlis:Oldehove
Lêste reäksje: 15 jier lyn troch Aliter
Yn dit artikel komt de namme Reitdjip foar (Ned.:Reitdiep), mar ek yn oare artikels. No wit ik net krekt wêr't dy namme wei komt: it soe komme kinne fan it Fryske ryd (fgl. de Pompster Ryd) en dat skriuwe wy mei ein -d, en mocht it komme fan reiden dan is it ek in ein -d. Soe it dêrom net better wêze om it om te neamen yn Reiddjip?--Swarte Kees 5 apr 2009, 08.08 (CEST)
- Ryddjip?--Swarte Kees 5 apr 2009, 09.34 (CEST)
- "Reitdjip" komt yn de Wikipedy minder faak foar as "Reiddjip", dat mei in d soe better pasje. "Reid" as "Ryd" kin beide; "ryd" past faaks better by it easten. At der gjin boarne is dy't oanjout dat der wat oars brûkt wurdt, dan liket "Ryddjip" better, krekt sa't Aldehou better liket. Aliter 6 apr 2009, 22.07 (CEST)