Oerlis:Olivia Newton-John

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Tefolle kategoryen

Tefolle kategoryen

bewurkje seksje

Goeiemoarn @Drewes, @Ieneach fan 'e Esk, @Kneppelfreed, @Wutsje, @Kening Aldgilles, @‎RomkeHoekstra

Under dit artikel steane 36 kategoryen, dat binne der eins wat tefolle kategoryen. Myn foarstel is om ûnder dit artikel allinne de haadkategoryen te behâlden, en de oanfoljende kategoryen te fuort te heljen.

situaasje sa it no is

bewurkje seksje

Myn foarstel om ûndersteande kategoryen te behalden

bewurkje seksje

FreyaSport (oerlis) 9 aug 2022, 10.38 (CEST)Beäntwurdzje

Lit ik earst even stelle dat ik it beslist net iens bin mei de stelling dy't hjirboppe net sasear oppenearre mar dochs wol suggerearre wurdt, dat der "tefolle kategoryen" by in artikel stean kinne. Ik fyn dat in folslein ferkeard útgongspunt; neffens my sjogge je nei hokker kategoryen oft fan tapassing binne, net nei hoe't je it tal kategoryen sa leech mooglik hâlde kinne. Dat sein hawwende, bin ik der alhiel net op tsjin om de boel ris kritysk tsjin it ljocht te hâlden. Oer it algemien binne de kategoryen by sokke bekende persoanen út 'e Ingelsktalige wrâld gewoan oernommen fan en: en dêr feroaret de yndieling soms ek mei nijere ynsichten. Ik kin dêr no gjin kategoryen fan 'Welsk persoan' ensfh. mear fine, dat dy haw ik der by ús ek úthelle. Idem dito foar 'dance-artyst' en sa noch in pear. Wat der oer bliuwt, kloppet neffens my no wer hielendal, dat ik bin der gjin foarstanner fan om noch mear te snoeien. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 aug 2022, 21.54 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Olivia Newton-John".