Oerlis:Orinoco

Lêste reäksje: 4 jier lyn troch RomkeHoekstra

Bêste meidoggers, wat fine jim derfan? Moat it "Orinoko" of "Orinoco" (neffens de offisjele namme) wêze? Kneppelfreed (oerlis) 16 jul 2019, 04.35 (CEST)Beäntwurdzje

Om my mei it wol 'Orinoco' mei in c wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 11.43 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes, Frou Watzema, en RomkeHoekstra: Wat fine jimme hjirfan? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 19.16 (CEST)Beäntwurdzje
Ik soe foar Orinoco wêze. Wat oars: ik hâld my by it translitearjen de lêste tiid oan de Ingelske transliteraasje. Graach ek efkes wat jim dêrfan tinke.--RomkeHoekstra (oerlis) 16 jul 2019, 19.24 (CEST)Beäntwurdzje
Orinoco bin ik net tsjin. Yn't algemien bin ik foar it folgjen fan de Nederlânske transliteraasje, mar ik wit ek wol dat dat ek lang altiten net foldocht. Drewes (oerlis) 16 jul 2019, 19.54 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Jo bedoele, mei de nammen fan Armeenske tsjerken? Ja, dat hie ik al sjoen. Ik bin der earlik sein net sa gelokkich mei, want de measte Friezen witte tink ik net dat it Ingelsk de letterkombinaasje 'kh' brûkt om 'e ch fan 'berch' wer te jaan. Om mar wat te neamen. Dus ik freegje my ôf: wêrom brûke jo de Ingelske transliteraasje? Is dat om't jo net witte hoe't jo it Armeenske skrift oars transliterearje kinne, of is it in bewuste kar omdat jo de Ingelske transliteraasje better fine? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 20.50 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes en Ieneach fan 'e Esk:Ik transliterearre fanút it Russysk gewoan nei it Nederlânsk, mar sa't Drewes al opmerkte foldocht dat fakentiden likemin. Dat doe't ik mei Armeenske tsjerken oan'e gong gyng tocht ik: lit my mar foar it gemak gean en it fuort mar mei de meast ynternasjonale taal oanpakke, dan sjoch ik fansels as der reaksjes komme. Der kaam fierder gjin lûd, mar no't wy it dan dochs oer Orinoco hiene tocht ik lit my de fraach no fuort ek mar stelle. No't jim oanjûn ha dochs de foarkar te hawwen foar it transliterearjen nei it Nederlânsk sil ik my dêr oan konformearje.--RomkeHoekstra (oerlis) 16 jul 2019, 21.03 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Orinoco".