Oerlis:Redbad
Redbad yn lettere tiden
bewurkje seksjeRedbad hat syn namme yn de 20e ieu ek noch jûn oan de Fryske studinteferiening fan Utert. Dizze feriening bestiet lykwols net mear.
- Ik bin der in de jirren tachtig nog lid fan west. Ik fyn 't spytig dit te jerren. We ha doe nog een in de wyk lunnetten de stritnammen buortjes (opsterlân ensf) van een frysk underbuort spikkere (midden in de nacht). Meidogger:83.160.37.121
Famylje
bewurkje seksjeIk haw mei wat dwaande hâlden mei kening Redbad en neffens my kloppet it artikel net hielendal wat syn famylje oanbelanget. Der is net folle bekend oer syn famylje. Ik lit my liede troch Herre Halbertsma, want dizze skriuwt hiel wiidweidich oer it ryk fan de Fryske keningen en basearret alles op de iere boarnen. Hy skriuwt oer de famylje fan Redbad dat er mar ien dochter hie dy't troud wie mei de soan fan hofmeier Pipyn. Fierder hat er it noch oer in lyts soantsje dat as lyts bern ferstoar. Mear is der net fan him bekend. Ik bin foarnimmens om it artikel op dit ûnderdiel te wizigjen. Kin jim hjiryn finne? --Geoffrey 29 des 2007, 22.07 (CET)
- Halbertsma skriuwt oer Poppo/Bubo/Hrodbad/Folkhard dat de famyljerelaasje net út de koarte namme ôf te lieden is. Fansels kin soks derby. It is net om neat dat der stiet dat er "mûglik" fjouwer bêrn hie. Mar it docht bliken dat Poppo en Aldgilles II ûnder oaren op it webstee fan de Groep fan Auwerk steane: <http://en.groepfanauwerk.org/newpage2.html>.
- (It is ek Halbertsma dy't, yn Skiednis fan Fryslân 1968, skriuwt dat Redbad seis jier siik west hat.)
- It is gjin probleem at der wat oan feroare wurdt, at it der mar better fan wurdt. It moat net sa wêze dat in net-bewiisbere stelling allinnich mar feroare wurdt yn it like-ûnbewiisbere tsjindiel. Aliter 29 des 2007, 23.58 (CET)
- Redbad is yndied syn lêst seis libbensjierren siik west. De nammen fan Fryke keningen op de webstee binne neffens my baseare op it Oera Linda Boek. --Geoffrey 8 jan 2008, 14.09 (CET)
Is it Redbad of Rêdbâd?
bewurkje seksjeNeffens Omrop Fryslân is it Rêdbâd. Servien (oerlis) 23 jun 2018, 13.42 (CEST)
- Foar't Willem Schoorstra syn Rêdbâd – kronyk fan in kening útkaam wie, hie ik dy namme noch nea sa stavere sjoen wurden. Drewes (oerlis) 23 jun 2018, 16.28 (CEST)
- De staveringsfoarm 'Rêdbâd' is in betinksel fan Willem Schoorstra, dat bin ik mei Drewes iens. Ik haw "Rêdbâd Omrop Fryslân" ris even googleë, en dan komme der nijsberjochten fan OF foar 't ljocht oer it iepenloftspul Rêdbâd, yn Broeksterwâld (sjoch bgl. hjirre). Dat is basearre op Schoorstra syn boek, dat it is fansels dat dat dan ek mei kapkes stavere wurdt. Mar yn skiedkundige wurken wurdt wier altyd "Redbad" of "Radboud" skreaun. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jun 2018, 21.51 (CEST)