Oerlis:Skiednis

Lêste reäksje: 16 jier lyn troch Theun by it ûnderwerp Skiednis portaal

Earder hat immen dizze twa der sûnder útlis útsmiten:

Dat is nim ik oan terjochte, om't hast alles yn dizze Wikipedy op himsels skiedkundich is. Mar moatte wy wat tafoegje dat it mûglik makket om fan hjir by in hystoarysk barren út te kommen?

Skiednis fan Timbûktû bewurkje seksje

Eala,

By de sjoch ek wurdt hieltyd de Skiednis fan Nederlân taheakke.

Neffens my is dit net korrekt, en sa soe it derút sjen moatte:

Miskien noch oare kontinenten, mar wêrom Nederlân en net Dútslân of Frankryk? Neffens my is de sjoch ek foar oare wichtige saken, en net foar neat sizzende saken lykas Nederlân.

Groetnis Kening Aldgilles

At jo in logysk rychje meitsje wolle, heart Nederlân dochs tusken Fryslân en Jeropa? It is noch net sa fier dat Fryslân in aparte regio yn Jeropa is los fan Nederlân, en earlik sein om my hoecht dat ek net. It mei om my wol in provinsje bliuwe (dat dan leaver al).
Ik haw ien kear dizze side tebekset neidat jo it dêr weihelle hawwe, it is blykber troch trije ferskillende minsken deryn/tebekset. Neffens my is it folle logysker om dêr Nederlân as Dútslân del te setten. At jo it oer wichtich hawwe, yn terms fan grutte/tal ynwenners of hokker kritearium jo der foar nimme is Fryslân minder sizzend as Nederlân. Theun 22 mai 2007, 17.19 (CEST)Beäntwurdzje
Jeropa hie eartiids lânsgrinzen, dy't ta stân kaam binne mei bloed. No hawwe wy in Jeropa fan de regio's dêr't Fryslân hieltyd mear, en Nederlân hieltyd minder wichtich yn wurd. Fryslân is net in provinsje, Fryslân is in gebiet dat fan Starum oant Tønder mear as 500 km lang is. Nederlân is fan Grins nei Maastricht mar 300. Oft der Friezen binne dy't sizze dat Fryslân net mear as in provinsje is, betsjut dat se ûnwittend binne, of arrogant. Foar Nederlanners dy't sa tinke komt der de mooglikheid by dat se nasjonalistysk wêze kinne. Mei inoar fyn ik soks gjin goede eigenskippen. It belang fan Nederlân wurd neffens my te heech ynskat. Wat taal oanbelanget binne der bygelyks al 20 miljoen dy't it Dútsk as twadde taal behearskje wylst it Nederlânsk suver likefolle memmetaalsprekkers hat. Foar my is it yndied Fryslân, Jeropa en de wrâld, en net Fryslân mei in taalgebrek yn Nederlân as Dútslân. Meidat wy behearders binne fyn ik ek dat soks by ús wurk heard, it fersterkjen fan de Fryske kultuer, skiednis en hjoeddeiske identiteit. As men Nederlân as Dútslân sa graach promoate wol, is dat eltsenien syn eigen saak.Kening Aldgilles 22 maa 2007, 22.35 (CEST)
Goeie, ik hef even geen sin om frysk te skrieven en doen it op syn Leewadders. Ik hew jum beiden redenaasjes lezen en it het alleby wel wat. Fan mag it erby mar it hoegt niet--Geoffrey 22 mai 2007, 22.50 (CEST)Beäntwurdzje
Aliter 24 mai 2007, 02.29 (CEST)Beäntwurdzje

Skiednis portaal bewurkje seksje

Kinne wy net in soartmint Skiednis portal meitsjen, krekt sa iets as op de Nederlânske wikipedy, mar dan wat simpler Wat fiene jum derfan?--Geoffrey 21 jun 2007, 22.23 (CEST)Beäntwurdzje

Hawwe wy net genôch wurk fan de Haadside en soksoarte siden, it Wikipedy:Mienskip wachtet ek noch op in opknapbeurtsje. It like my better en wurkje oan de gewoane siden. Mar at jo der in protte nocht oan hawwe kin jo fansels wol wat opsette. Op :nl hawwe se neffens my in aparte nammeromte foar Portalen, ik wit net of dy hjir ek is (ik tink it net). Theun 21 jun 2007, 22.41 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Skiednis".