Oerlis:Skiednis fan Snits
Lêste reäksje: 10 jier lyn troch Drewes by it ûnderwerp Iere Skiednis
Iere Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis fan Snits begûn mei de prehistoaryske bewenning fan 'e omkriten fan 'e stêd, dy't yn 'e iere histoaryske perioade útmûne yn 'e stifting fan it feandoarpke dat úteinlik ta Snits útgroeie soe. Oksebollepoep. Drewes (talk) 9 okt 2014, 22.49 (CEST)
- Alle plakken begjinne mei in prehistoaryske bewenning fan 'e omkriten fan ....., dy't yn 'e iere histoaryske perioade ...Drewes (talk) 10 okt 2014, 00.19 (CEST)
- Ik wit net wat Drewes oars haw wol, mar de skiednis fan Snits begjint tink mei de it ferslach hoe't it plakje Snits by Drylts hast hielendal ferlêrn giet troch de flammen. Earder wurdt it plak net neamd. Wy kinne ôfliede dat Snits al langer bestean hawwe moat, om't der oars net in plak west hie dat wichtich genôch wie om der oer te skriuwen, mar de skiednis swijt der dan noch oer. Wy witte ek noch fan munten om it jier 1 hinne, mar hoe at dy dêr kaam binne, dêr wite wy ek neat fan. Mysha (oerlis)
Espels
bewurkje seksjeIk tocht, ik skriuw oer de seis espels dêr't Snits yn opdield wie. Ik wit lykwols net krekt wêr't dat komme moat. Mysha (oerlis)
Kanttekenings
bewurkje seksje- Wie dy Magna Fossa wier de namme foar eltsenien, of wie dat allinnich foar de Muontsen, wylst de lju gewoan fan "De Grutte Feart" praten?
- Is dy Neltsjesyl wier earst groeven doe't it fean sa leech wie dat de Nijlannen dêrtroch ôfwaterje koenen, as is er út de tiid dat it Hege Midden sa heech wie dat it wetter nei de See gong?
- Ik haw der earst mar fan makke dat it net wis is hoenear Snits in Stêd waard, mar it moat sa wurde dat wy der sels net tjinyn geane.
- Grif is foar "Underwilens twongen de haadlingen fan Snits, faak mei geweld of mei driging fan geweld, de omlizzende doarpen om harren hannel yn Snits te merk te bringen." al in boarne nedich. (En dat jildt foar it meastepart fan wat hjir sein wurdt.)
- Dy "goddeleaze partijskippen" haw ik nea earder heard. Hja wienen fansels net goddeleas, en de partijskippen, de partijtiid, wie net oars foar Fryslân as foar oar Nederlannen. Mar at it it neamen wurdich is, dan mocht it grif in artikel.
- Wêrom steane alle plaatsjes te lyts?
- It soe kinne dat Snits mar twa kear delbaarne is, mar it gros fan de skriuwers tinkt dat it faker wie.
- Dat ferhaal fan dy ringen om de tsjerke, jout de yndrok dat it allegear sirkels binne, mar it risseltaat is oars.
- Is binne dy beskermhillige en skutspatroan net deselde?
- "dêr't guon Friezen Karel V by stipen, wylst de âlde frijheidspartij it mei de hartoch fan Gelre hold, mar úteinlik bedragen útkaam". - Ik wit net wa, en net wat der barde.