Oerlis:Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen
Mormonen of Mormoanen?--Geoffrey 25 apr 2010, 19.34 (CEST)
- Gefoelsmjittich, en soks is gjin goede reden sa't wolris bliken dien hat, soe ik sizze mormoanen lykas Teutoanen en hormoanen en saksofoanen..--Swarte Kees 25 apr 2010, 19.48 (CEST)
Fan "Letterdei Hilligen"? Dat is neat en it betsjut neat. Sa kinne je yn it Frysk de taal net ferbûge. Dan soe it wêze moatte: "fan Letterdeiske Hilligen". Mar dat wurd bestiet ek net, en al bestie it wol, dat wie it noch in foute fertaling. Want it Ingelske latter (fan the Church of Jesus Christ of Latter Day Saints) betsjut net "letter" mar "lêst". Dus it moat wêze: "fan de Hilligen fan de Lêste Dagen". (Krekt sa't trouwens de offisjele namme fan dizze tsjerke yn it Nederlânsk ek is: Kerk van Jezus Christus van de Heiligen der Laatste Dagen.) No wol ik net sizze dat wy hjir alles mar krekt sa dwaan moatte as yn Nederlânsk, mar op dit punt hawwe de Hollanners wol gelyk. Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 jun 2013, 19.09 (CEST)
- Jo hawwe moai ferwurde wat ik allinne mar oan myn wetter fiele koe. "fan de Hilligen fan de Lêste Dagen" noasket my wol. Drewes (talk) 28 jun 2013, 19.20 (CEST)
- Moai sa. Dan neam ik him om. Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 jun 2013, 19.25 (CEST)
- Prima, mar dat betsjut dat de eardere namme no in redirect wurden is dy't feitlik net kloppet. --Geoffrey (talk) 28 jun 2013, 20.32 (CEST)
- Tsja, dêr hawwe jo fansels gelyk oan. Miskien dat ien fan 'e behearders dy side wiskje kin? Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 jun 2013, 20.48 (CEST)
- Dan bist der noch net. It is Better alle ferwizings earst oan te passen en dan side wiskje te litten. Smyt wer wat wurk op dat dien wurde moat. --Geoffrey (talk) 30 jun 2013, 08.50 (CEST)