Oerlis:Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije
@RomkeHoekstra: Goeie, Romke. Ik haw in probleem mei it wurd "ûnbeflekt". Dat is neffens my gjin Frysk. No bin ik gjin taalpurist dy't beslist alle útlânske lienwurden út ús taal skrasse wol, mar yn dit gefal binne der ferskate geef Fryske alternativen. Myn wurdboek, Nederlânsk-Frysk fan Visser, jout:
- ûnbekladde
- ûnbesmodze
- ûnbesmodzge
- ûnbesmet
- suver
Ik soe leau 'k 'ûnbesmodz(g)e' brûke, mar dat moatte jo sels witte. 'Unbeflekt' fyn ik eins net kinnen, hoewol't it grif de bekendste foarm wêze sil, dat bin ik mei jo iens. Miskien is it in idee as jo efter de geef Fryske namme tusken heakjes de bekendere, Nederlânsktalige namme fermelde? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2019, 23.11 (CEST)
- Unbesmodsk fyn ik hiel frjemd oandwaan. Ik bin roomsk mar leau net dat immen dan wyt wat der mei bedoeld wurd. Dêrnonken docht it my tefolle oan smots tinken, it moat op 't lêst ek net om te gnyskjen wurde. Ek de oare wurden fyn ik net echt moai, ek al jout it wurdboek wol in oersetting fan "onbevlekt". Ik tink, as it moast, soe ik gean foar suver. Miskien dat oaren der ek oer mei kedize kinne? --RomkeHoekstra (oerlis) 28 sep 2019, 07.03 (CEST)
- Tsja, dat ûnbeflekt is sa ynboargere dat alles wat oars is jin frjemd yn 'e earen klinkt, mar Frysk is it net. By 'ûnbesmet' moat ik (ek) oan ynfeksjesyktes tinke. In foardiel fan 'ûnbesmodzge' fyn ik dat de alliteraasje behâlden bliuwt, mar 'suvere' dekt de lading ek. 'Unbekladde' betsjut faak ek 'goed bekend stean', fyn ik hjir sa gaadlik net. Drewes (oerlis) 28 sep 2019, 16.02 (CEST)
- "Suver" liket my hast it meast gaadlik. Taalweb jout "ûnbekladde". Ek soe "skjin" kinne,want nl "onbevlekt" betsjut ek wol "rein", dat yn 't Frysk "skjin" betsjut. Kneppelfreed (oerlis) 29 sep 2019, 02.20 (CEST)
- Ik haw myn foarkar hjirboppe al oanjûn, mar ik de oare mooglikheden kin ik ek bêst mei libje. Earlik sein fyn ik 'rein', dat ek in soad yn 'e (Frysktalige) bibel brûkt wurdt, ek wol in moai wurd yn dit ferbân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 sep 2019, 23.49 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Ik haw der nochris oer neitocht. Wat tinkt jo fan "ûnbesmoarge". Dat is net ien fan 'e oersettings dy't it wurdboek jout, mar it dekt de lading fan "onbevlekt" neffens my hielendal, en eltsenien begrypt wat it betsjut. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 sep 2019, 23.54 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk:Myn foarkar bliuwt ûnbeflekt om 't, sa't Drewes dat skriuwt, it ynboargere is. Alle oare wurden fyn ik frjemd oandwaan, mar suver of rein lykje my dan noch de bêste alternativen ta (ek al soe ik sels dy wurden mûnling yn dizze kontekst nea brûke). Ik lit it oer jim oer en sjoch wol wat it wurdt.--RomkeHoekstra (oerlis) 1 okt 2019, 06.42 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Ik sil alle alternativen nochris goed yn my omgean litte. Ik moat wol sizze, ik fyn dat jo argumint dat "ûnbeflekt" sa ynboargere is, eins gjin hout snijt, want der binne withoefolle ynboargere Nederlânske wurden yn 'e Fryske sprektaal. Nim "snelheid", dat seit eltsenien, mar it eigentlike wurd is "faasje". Ik fyn, op 'e Fryske Wikipedy moatte we yn soksoarte saken al in bytsje it goede foarbyld jaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 okt 2019, 00.24 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk:Foar it wurd snelheid is wol in Frysk wurd beskikber dat sûnder diskusje brûkt wurde kin. Foar wat betreft de oantaasting fan de taal troch de ferfanging fan Fryske wurden troch Hollânske wurden leit dat dus wat oars. It wurdt "ûnbeflekt" is, alteast wat de betsjutting fan de ûntfinzenis fan Marije oanbelanget, net sasear in ferhollânsking fan in wat yn ûnbrûk rekke wurd. Neffens my bestiet der gewoan gjin geef Frysk wurd foar, dat de lading goed dekt. Ik soe teminsten net witte werop't werom fallen wurde kin en op de oersettings fan onbevlekt yn it wurdboek falt wol wat ôf te tingjen (sjoch de diskusje hjirboppe). Neffens my binne de oersettings yn it wurdboek net echt fan tapassing op de spesifike betsjutting fan de ûntfinzenis fan Marije. Teminsten sa tink ik der oer en dêrom ha ik it wurd onbevlekt mar ferfryske. Mar sa'k sei: ik lit it fierder mar oan jim oer.--RomkeHoekstra (oerlis) 2 okt 2019, 14.22 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Jo hawwe gelyk as jo ûnderskie meitsje tusken wurden as faasje, dy't yn ûnbrûk rekke binne, en de spesifike betsjutting fan "onbevlekt" yn dizze kontekst. Faasje wie miskien ek net sa'n goed foarbyld, mar ik kin even gjin better foarbyld betinke, al sil dat grif bestean. Wat jo hjirboppe fierder skriuwe oer dat it Frysk hielendal gjin goede oersettings fan "onbevlekt" yn dizze sin hat, bin ik it dan wer net mei iens. Ik tink dat in wurd as "ûnbesmodze" prima de lading dekt, en dat jo dan krekt by dat wurd in ûngelokkige assosjaasje hawwe, dat is mooglik, mar docht neffens my neat ôf oan 'e betsjutting fan it wurd. Jo hawwe in miening, en dêr hawwe jo fansels alle rjocht op. Ik haw in oare miening. Ik tink dat it yn elts gefal in goed ding is dat oer sokke saken in iepen diskusje fierd wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 okt 2019, 22.17 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk:Sa is dat!--RomkeHoekstra (oerlis) 2 okt 2019, 22.41 (CEST)

Wat is it beslút oer "ûnbeflekt"? Ik bin goed mei "ûnbesmodzge" of "suver" te brûken. Kneppelfreed (oerlis) 21 feb 2020, 20.51 (CET)
- Ik bin sels net roomsk, dat ik wit net wat yn dit gefal ynboargere is en yn hokker mjitte. As RomkeHoekstra seit dat "ûnbeflekt" ynboargere is, dan wol ik dat wol fan him oannimme, mar oan 'e oare kant binne der fansels wol mear hollanismen yn 'e Fryske sprektaal ynboargere, dy't we ek net yn 'e skriuwtaal brûke. Wer oan 'e oare kant hâld iksels yn it skreaune Frysk soms ek wolris in ynboargere hollanisme oan, dat ik wol ek wer net tefolle opsprekke. Myn miening is dat it eins "ûnbesmodz(g)e" wêze moatte soe (en ek "ûntfinzenis"), mar ik leau, ik sjoch yn dit gefal mar even de oare kant út. As oaren de side omneame wolle, sil ik se lykwols ek wer net yn it paad stean. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 feb 2020, 23.10 (CET)
Untfangenis
bewurkje seksje'Untfangenis' komt net yn de wurdboeken foar. Drewes (oerlis) 21 feb 2020, 16.59 (CET)
- Taalweb jout "ûntfinzenis" Kneppelfreed (oerlis) 21 feb 2020, 20.48 (CET)
- Ik fyn "ûntfinzenis" ek moaier, mar ik wol jim der wol even op wize dat Taalweb by it ferlykbere wurd "finzenis" ek "gefangenis" jout, sjocht hjirre. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 feb 2020, 23.10 (CET)