Oerlis:Wenkearn
Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
Der wurdt meastal net ûnder ferstien:? Wenplak, wenkearn, buorskip en útbuorrens, neffens my binne it allegear delsettings. Drewes (oerlis) 19 apr 2018, 20.38 (CEST)
- Dit is ynhâldside yn stee fan in betsjuttingsside, is it net? Ik kin my wol yntinke hoe't it itselde liket mei dy struktuer fan ferskate opsjes, mar it is wat oars. Op dizze side komt wät in wenkearn is; de rychjes fan al as net, dy hawwe harren grûn dan yn dy útlis. Is der immen dy't sizze kin wat in wenkearn is? Ik brûk it wurd sels net, en ik wit allinnich wat it foar it SBfS is. Mysha (oerlis)
- De Grauwe Van Dale seit: woonkern, woonhuizen die de kom van een nieuwe vestiging vormen. By ús ferwiist delsetting nei wenkearn. Drewes (oerlis) 20 apr 2018, 17.50 (CEST)
- Nou, wat ik hjir dúdlik besocht te meitsjen, is dat as de oerheid seit dy-en-dy gemeente hat sa-en-safolle wenkearnen, dan telle se inkeld de doarpen en stêden mei, d.w.s. de plakken mei blauwe kombuorden. Miskien moatte we der dan "offisjele wenkearnen" fan meitsje, as it sa ûndúdlik is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 apr 2018, 21.05 (CEST)
- Ik haw de tekst wat feroare. Hoe liket it sa? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 apr 2018, 21.10 (CEST)