Oerlis:Westerlauwerske Friezen

Lêste reäksje: 8 moannen lyn troch Kneppelfreed by it ûnderwerp Omneame?

Fersprieding

bewurkje seksje

By de ynfoboks stiet in kopke fersprieding mei allegear sifers dy't as hurde sifers presintearre wurde. Hoe oannimlik it ek lykje mei, is der ek in boarne dy't dy sifers ûnderboud? Groetnis --Kening Aldgilles (oerlis) 2 sep 2017, 23.53 (CEST)Beäntwurdzje

Dêr haw ik om socht, mar dy haw ik net fine kind. De sifers hie ik fan 'e side oer de Fryske diaspora en wiene dêr al yn 2005 derop set. It giet my te fier om se sûnder mear fuort te smiten, mar oan 'e oare kant hawwe jo wol in punt. Ik sil it oanpasse sadat it dúdlik is dat it net om 'hurde' sifers giet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 sep 2017, 01.00 (CEST)Beäntwurdzje
Dêr hast gelyk oan. Moai oplost sa. Groetnis --Kening Aldgilles (oerlis) 3 sep 2017, 10.07 (CEST)Beäntwurdzje

Etnisiteit = taal?

bewurkje seksje

No liket it krekt oft de taal-Friezen de iennichste Friezen binne. Dat is nuver. As dyn âlden ynienen Nederlânsk mei dy prate, feroaret dyn etnisiteit dochs net? Groetnis --Kening Aldgilles (oerlis) 2 sep 2017, 23.54 (CEST)Beäntwurdzje

Dat is in dreech punt. Yn prinsipe hawwe jo gelyk, hoewol't it fansels de fraach is oft Nederlânsksprekkers har noch wol etnyske Friezen fiele. Oan 'e oare kant sille grif ek guon Frysktaligen harsels as etnyske Nederlanners sjen. Ik tink dat der ditoangeande hiele grutte grize gebieten besteane. De iennichste hurde sifers dy't der (by myn witten) binne, hâlde ferbân mei de taal, en yn myn (miskien wat beheinde) ûnderfining is de taal ek ien fan 'e wichtichste markers foar Fryske identiteit/etnisiteit. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 sep 2017, 01.42 (CEST)Beäntwurdzje
Yndie in lestich punt. Mar der binne ek in protte Amerikanen dy't har Amerikaansk fiele, mar etnysk sjoen noch hieltyd Ier, Dútser of Fries binne. Soest it hiele probleem yn ien kear oplosse kinne troch der Fryskpraters ynstee fan etnisiteit fan te meitsjen. It is mar in idee. Groetnis --Kening Aldgilles (oerlis) 3 sep 2017, 10.07 (CEST)Beäntwurdzje
Dêr hawwe jo ek wer gelyk. Ik tink dat de koartste klap is om gewoan te fermelden dat dizze sifers oer Frysk- + Stedsktaligen geane, dan kin alle oare ynformaasje gewoan bliuwe sa't it no is. Fierderop yn it ferhaal, dêr't de sifers besprutsen wurde, wurde dat ek dúdlik útlein, dat it probleem is hjir eins allinnich de ynformaasje yn 'e ynfoboks. Neffens my is it sa oplost. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 sep 2017, 12.44 (CEST)Beäntwurdzje

Omneame?

bewurkje seksje

Ik soe de side graach omneame ta Friezen (provinsje Fryslân). Dat is mear yn oerienstimming mei oare (ynternasjonale) wikipedia-siden. Dêrby is de term Westerlauwerske Friezen allinnich by de kenners bekend. Dêr tsjinoer kin eventueel de side Friezen (etnyske groep) komme. Sjoch it oersocht Friesland en Groter Friesland. Otto S. Knottnerus (oerlis) 17 apr 2024, 21.56 (CEST)Beäntwurdzje

Der bin ik it net mei iens. De termen "Westerlauwersk Frysk" en "Westerlauwerske Friezen" binne yn 'e Fryske literatuer oer dit ûnderwerp de gongbere oantsjuttings. As se by lêzers fan it Frysk net bekend binne, dan kin dat ferholpen wurde troch dit artikel. Ynternasjonaal sprekt men fan "Westfrysk" en "Westfriezen", mar dy nammen hawwe yn Nederlân in oare betsjutting.
Ik sjoch ek net yn hoe't "Friezen (provinsje Fryslân)" mear yn oerienstimming wêze soe mei oare Wikipedia's. De iennichsten dy't in korrespondearjend artikel hawwe, binne de:, en: & nl:. Dêrfan hawwe de: & en: Westfriesen resp. West Frisians, wylst nl: gjin ûnderskie makket tusken de Westerlauwerske Friezen en de Friezen yn 'e rommere sin. It oersjoch dêr't jo nei ferwize mei links nei "Friezen (provincie Friesland)" en "Friezen (etnische groep)" jout net de wiere sitewaasje wer, want beide neamde keppelings binne eins trochwizings dy't útkomme by it artikel "Friezen". Los dêrfan fyn ik it foar de Fryske Wikipedy net relevant wat se op 'e Nederlânsktalige Wikipedy dogge, en ik fyn alhielendal net dat wy ús dêroan oanpasse moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 apr 2024, 02.27 (CEST)Beäntwurdzje
Ik slút my oan by Ieneach en ik ek bin der poer op tsjin om om te neamen. It begryp "Westerlauwerske Friezen" is yn Fryslân bekend genôch, benammen as ûnderskied fan de oare Friezen. Hoe't se't yn oare talen neame, dat is harren saak. Wy binne boppedat de Fryske wikipedy en hjir wurde dingen útlein út Frysk eachpunt wei. Kneppelfreed (oerlis) 18 apr 2024, 07.06 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Westerlauwerske Friezen".