Oestrich-Winkel
Oestrich-Winkel is in stêd yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Hessen. It stedsbestjoer fan 'e stêd hat syn sit yn it stedsdiel Oestrich.
Oestrich-Winkel | ||
Kraan fan Oestrich. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
Stedsyndieling | 4 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.769 (31.12.2023)[1] | |
Oerflak | 59,51 km² | |
Befolkingsticht. | 198 ynw./km² | |
Hichte | 84 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 65375 | |
Koördinaten | 50° 0' N 8° 1' E | |
Offisjele webside | ||
www.oestrich-winkel.de | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeDe stêd leit oan 'e Ryn, sa'n 20 kilometer west fan Wiesbaden. It snijpunt fan 'e 50e noardlike breedtegraad mei de 8e eastlike lingtegraad leit yn it stedsdiel Winkel.
Stedsyndieling
bewurkje seksjeIt stedsgebiet fan Oestrich-Winkel bestiet út de stedsdielen Hallgarten, Mittelheim, Oestrich en Winkel. Winkel, Mittelheim en Oestrich binne oan inoar fêstgroeid en lizze oan 'e Ryn, wylst Hallgarten 2 kilometer noardeastlik leit.
Skiednis
bewurkje seksjeDe stêd ûntstie yn it ramt fan in weryndieling yn Hessen op 1 july 1972 troch gearfoeging fan 'e oant dan selsstannige gemeenten Mittelheim, Oestrich en Winkel. Tagelyk krige de nije gemeente it rjocht om him stêd te neamen. Op 1 jannewaris 1977 waard de gemeente Hallgarten by de stêd yndield. Foar alle stedsdielen waarden Ortsbezirke mei in Ortsbeirat en Ortsvorsteher foarme.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeDe 18e-iuwske kraan fan Oestrich is it symboal fan 'e stêd en tsjinne û.o. om wyn yn 'e skippen te laden. De kraan waard yn 1745 yn gebrûk nommen en wurke oant 1926. De Sint-Martinustsjerke fan Oestrich (Markt) en de Sint-Egidiusbasilyk fan Mittelheim (An der Basilika) hearre ta de âldste tsjerken fan it Ryngoa. Yn de parochytsjerke Marije-Himelfeart fan Hallgarten (Zangerstraße 3) stiet de ferneamde Madonna fan Hallgarten, in 15e-iuwsk byld. Ek de moderne protestantske tsjerke fan Mittelheim (Rheingaustraße) út 1956 falt ûnder monumintesoarch. Midden yn it sintrum fan Winkel stiet fuort oan 'e Hauptstraße foar it âlde riedshûs oer de barokke parochytsjerke Sint-Walburga.
Oan 'e noardeastlike gemeentegrins by Hattenheim stiet it Slot Reichartshausen (stifte yn 'e 12e iuw). De ruïne dy't om de bedriuwsgebouwen stiet is in folly út likernôch 1900. Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt troch de EBS Business School fan 'e EBS Universität für Wirtschaft und Recht.
Yn Winkel stiet it "Graue Haus" (Graugasse 10), ien fan 'e âldste stiennen hûzen fan Dútslân. Lange tiid waard oannommen dat Rabanus Maurus dêr wenne en yn 856 ferstoar.
Twa kilometer noard fan Winkel stiet it Slot Vollrad mei de âlde wettertoer. It Brentanohûs yn it sintrum fan Winkel wie fan 'e bankiersfamylje Brentano. Yn 1814 hat Goethe dêr in skoft útfanhûze.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Mittelhei
Sint-Egidiusbasilyk -
Hallgarten
-
Hallgarten
Marije-Himelfeartsjerke
-
Oestrich
-
Slot Volrad
-
Winkel
Sint-Walburgatsjerke.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|