Rabanus Maurus (folút: Rabanus Maurus Magnentius; omtrint 7804 febrewaris 856) waans namme oft ek stavere wurdt as Hrabanus of Rhabanus, wie in Frankysk benediktynsk mûnts, abt, aartsbiskop fan Mainz, teolooch, dichter en skriuwer. Hy wie de auteur fan 'e ensyklopedy De Rerum Naturis ("Oer it Aard fan de Dingen"), en hy skreau fierders ek wittenskiplike traktaten oer ûnderwiis en grammatika, en teologyske kommentaren op 'e Bibel. It bekendst is er lykwols bleaun troch syn Veni Creator Spiritus, in hymne oan 'e Hillige Geast. Rabanus wie ien fan 'e wichtichste skriuwers fan 'e Karolingyske Tiid, en oan him waard sadwaande by syn libben de bynamme jûn fan Præceptor Germaniæ ("Underwizer fan Dútslân"). Hy waard nei syn dea hillich ferklearre; syn feestdei falt op 4 febrewaris.

Rabanus Maurus
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rabanus Maurus Magnentius
nasjonaliteit Frankysk
berne ±780
berteplak Mainz (Frankyske Ryk)
stoarn 4 febrewaris 856
stjerplak Winkel (Frankyske Ryk)
etnisiteit Frankysk
wurk
taal Latyn
sjenre hymnen, non-fiksje
perioade Midsiuwen
bekendste
  wurk(en)
Veni Creator Spiritus
De Rerum Naturis
jierren aktyf ±800856
offisjele webside
n.f.t.

Rabanus waard om 780 hinne berne te Mainz, yn in begoedige fermidden. Hy genoat syn oplieding yn it kleaster fan Fulda, yn Hessen, dêr't er yn 801 ta deken wijd waard. Op oanstean fan syn abt, Ratgar, sette er doe mei Haimon, in oare jonge mûnts, ôf nei Tours, om dêr syn stúdzje te foltôgjen. Yn Tours studearre er ûnder de ferneamde wittenskipper Alcuin fan York, dy't abt fan Tours wie, en dy't him foar syn iver en frommens de bynamme Maurus joech, nei de hillige Maurus, de leaflingsdissipel fan Benediktus fan Nursia, de stifter fan 'e benediktynske oarder.

 
Rabanus Maurus presintearret syn wurk oan aartsbiskop Otgar fan Mainz.

Rabanus kearde twa jier letter nei Fulda werom, dêr't er it tafersjoch krige oer de skoalle, dy't ûnder syn lieding útgroeide ta ien fan 'e wichtichste sintra fan wittenskip en de produksje fan manuskripten yn Jeropa. Yn dyselde snuorje stalde er nei alle gedachten ek syn gearfetting fan 'e grammatika fan Prissianus gear, dy't de hiele fierdere Midsiuwen troch rûnom brûkt waard.

Yn 814 waard Rabanus ta preester wijd. Koarte tiid letter, lykwols, moast er fanwegen wat wierskynlik in skeel mei syn abt Ratgar wie, Fulda in skoft ferlitte. Lange tiid hat men tocht dat dizze ferballing foar him oanlieding wie om in pylgerreis nei Palestina te ûndernimmen, op grûn fan in obskuere ferwizing nei syn oanwêzigens yn it Hillige Lân yn syn kommentaar op it bibelboek Jozua. Mar dy passaazje is in sitaat fan 'e tsjerkfaar Origenes, en it wie Origenes dy't yn Palestina wie, ynstee fan Rabanus.

Hoe dan ek, nei't yn 817 Ratgar kommen wie te ferstjerren en as abt opfolge wie troch Eigil, kearde Rabanus nei Fulda werom. Doe't Eigil yn 822 stoar, waard er sels de nije abt fan it kleaster. Yn dy rol wied er tige súksesfol en effisjint, oant er yn 842 it abtskip opjoech om mear tiid foar literatuer en gebed te hawwen, en him weromloek yn it deunby leine kleaster Sint-Pitersberch. Fiif jier letter, yn 847, waard er lykwols as opfolger fan Otgar ta aartsbiskop fan Mainz keazen, en wied er twongen om syn klúznersbestean op te jaan. Rabanus stoar yn 856 te Winkel, oan 'e Ryn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.