Ole Bull (Bergen, 5 febrewaris 1810Lysøen, 17 augustus 1880) wie in Noarsk komponist.

Ole Bull

Doe't Bull noch mar njoggen jier wie, spile er al fioelsolo's by de orkestferiening fan Bergen, Harmonien. Syn leararen wienen Niels Eriksen en Johan Henrich Poulsen, letter kaam Carl Mathias Lundholm dêr noch by. Bull wie lykwols meast autodidakt, mar hat him wol ûntjaan kinnen ta in firtuoas fioelist. Yn 1829 krige er kunde oan Louis Spohr yn Kassel en yn 1832 joech er syn earste konsert yn Parys. Hy troude in Française en krige kontakt mei de komponisten Frédéric Chopin en Heinrich Wilhelm Ernst. Hy wie tige populêr yn Itaalje en Ingelân. Yn de jierren 1836/37 joech er 274 konserten yn Ierlân en Ingelân.

Yn 1843 ferfarde er nei de Feriene Steaten, mar rjochte yn 1850 noch wol it Noarske Teater yn Bergen op.

Yn 1852 stifte er in koloanje yn Pennsylvania yn de Feriene Steaten op 3000 hektare lân ûnder de namme Oleana of New Norway. Hy hope dat er dêr it libben foar de Noaren makliker te meitsjen. Sy soene dêr yn harmony libje kinne en de Noarske tradysjes soene yn it nije fermidden oerlibje kinne, wie de bedoeling. Mar it projekt wie fan it begjin ôf ta mislearjen keard - it bergich gebiet wie net gaadlik foar lânbou en winters sieten hja dêr isolearre, mar ek wie Bull net saaklik genôch. Binnen twa jier wienen de measte kolonisten útwykt nei oare kontreien. It gebiet wurdt no Ole Bull State Park neamd.

Desillusjonearre gie er werom nei de muzyk en syn namme krige rillegau wer klank. Simmer 1864 wie hy de mentor fan de jonge Edvard Grieg, in neef fan him. Yn 1870 troude er nochris; doe mei in Amerikaanske.

Neist fioelist wie Bull ek komponist fan in tal lytsere wurken dy't neffens guonts in frijwat sentiminteel karakter hawwe. Hy skreau benammen foar de fioele, dêr't twa fioelekonserten by binne.

Hy stoar 1880 op it eilân Lysøen, by Bergen, Noarwegen oan kanker. Troch syn sosjale ynstelling jildt Bull wol as ien fan de grutte nasjonale en kosmopolityske persoanlikheden fan Noarwegen.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ole Bull fan Wikimedia Commons.