Ommelânske Seedyk

De Ommelânske Seedyk (Ommelanderzeedijk) is de namme fan de seedyk de Noard-Grinslanner kust by lâns.

Kilometerpeal 67 fan 'e Ommelânske Seedyk

De namme ferwiist nei de Ommelannen, it gebiet dat troch de dyk beskerme wurdt. It gebiet is part fan dykring 6. De dyk rint fan de Nije Steatesyl oant Lauwerseach ta en is yn de jierren 80 op deltahichte brocht.

Meidat Grinslân mar ien seedyk hat, is der yn de deistige praktyk einegentlik gjin ferlet fan in eigen namme, dêrfandinne dat de namme hast net bekend is.

Der rint in 90 kilometer lang fyts- en kuierpaad lâns de dyk. Op ferskate plakken is in Toeristysk Oerstappunt makke. Oan it paad lizze ûnder mear Noardpoldersyl en de Noardkaap.

Wetterskip bewurkje seksje

It wapen fan wetterskip Ommelanderzeedijk (1987)

De Ommelânske Seedyk (Waterschap Ommelanderzeedijk) is ek de namme fan it eardere dykwetterskip, oprjochte yn 1967, dat yn 1994 opgien is yn de wetterskippen Noardersylfest en Hunze en Aa's.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: