Operation Amsterdam
Operation Amsterdam is in Britske kriichsfilm út 1959, regissearre troch Michael McCarthy. De haadrollen wurde fertolke troch Peter Finch, Eva Bartok, Tony Britton, Alexander Knox en Malcolm Keen.
Operation Amsterdam | ||
film | ||
Filmopnamen yn de Beemster by Schermerhorn foar de film | ||
makkers | ||
regisseur | Michael McCarthy | |
produsint | Maurice Cowan | |
basearre op | it boek Adventure in Diamonds fan David E. Walker. | |
kamerarezjy | Reginald Wyer | |
muzyk | Philip Green | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Peter Finch, Eva Bartok, Tony Britton, Alexander Knox, Malcolm Keen | |
byrollen | Petra Davies, Alfred Burke, Christopher Rhodes, Peter Swanwick, John Le Mesurier, Tim Turner, John Horsley, Melvyn Hayes | |
skaaimerken | ||
premiêre | 12 jannewaris 1959 (It Feriene Keninkryk), 6 july 1960 (De Feriene Steaten) | |
sjenre | Drama/Twadde Wrâldkriich | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 104 minuten |
It is basearre op it boek "Adventure in Diamonds", fan David E. Walker. It ferhaal giet oer Pinkstersnein en Pinkstermoandei (12-13 maaie) 1940 by de Dútske ynfal yn Nederlân. De komponist Philip Green komponearre twa orizjinele muzykstikken foar de film, de "Pierement Waltz" en de "Amsterdam Polka".
Plot
bewurkje seksjeTink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
It ferhaal spilet him ôf yn de earste dagen fan de Twadde Wrâldkriich. De Dútske soldaten binne noch net sichtber oanwêzich, mar de besetting fan Nederlân liket net te kearen. Oeral binne soldaten fan it Nederlânske leger oanwêzich. Trije Britske soldaten wurde mei in Ingelske torpedoboat tusken de pieren yn IJmuiden en fierder mei in roeiboat oan de Fiskershaven oan wâl set. Sy moatte in grutte lading yndustriële diamanten feilich stelle foardat de Dútsers harren ynvaazje begjinne. Se krije help fan Anna, in frou dy't se rêde fan in besykjen ta selsmoard. De groep moat besykje om de Nederlânske plysje, dy't harren as fertocht sjocht, te ûntrinnen. Underwilens besiket in grutte kloft flechtelingen (foaral Joaden) mei fiskerboaten nei Ingelân te flechtsjen.
Eftergrûn
bewurkje seksjeDe film is foar in part opnaam op lokaasje yn Amsterdam en de haven fan IJmuiden. Fierder binne opnamen makke yn de Pinewood Studios yn Buckinghamshire, Ingelân.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jan Smit | Peter Finch |
Anna | Eva Bartok |
Majoar Dillon | Tony Britton |
Walter Keyser | Alexander Knox |
Johan Smit | Malcolm Keen |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Menschi (Johan's assistint) | Petra Davies |
hanneler wurket mei Johan | Alfred Burke |
Alex (lieder fan it ferset) | Christopher Rhodes |
Peter (Kreaker fan klûzen) | Peter Swanwick |
Kolonel Janssen | John Le Mesurier |
Nederlânske luitenant | Tim Turner |
Kommandant Bowerman | John Horsley |
Willem | Melvyn Hayes |
diamanthannelers | Carl Jaffe, Keith Pyott, Oscar Quitak, Karel Štěpánek |
Kapitein fan in sleepboat | Frederick Schiller |
Havenmaster | George Pravda |
foute plysjeman | John Bailey |
Keppelingen om útens
bewurkje seksje- (in) Adventure in Diamonds — source novel