Opstanningskatedraal (Starotsjerkasskaja)
De Opstanningskatedraal (Russysk: Воскресенский собор) is in otterdokse katedraal yn Starotsjerkasskaja (Rostov oblast), Ruslân. It is de earste stiennen katedraal oan 'de Don en it wie oant 1805 de haadtsjerke fan 'e Donkozakken.
Opstanningskatedraal
Воскресенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
lânsdiel | Rostov | |
plak | Starotsjerkasskaja | |
koördinaten | 47° 14' N 40° 02' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1706-1719 | |
boustyl | Oekraynske barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 611520289770006 | |
Webside | ||
donmonastyr.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe katedraal waard yn 1650 stifte. Dat wie doe in houten bouwurk en om't de tsjerke dêrnei oant twa kear ôfbaarnde, waard yn 'e jierren 1706-1719 in nije stiennen tsjerke boud yn 'e styl fan de Oekraynske barok. Dat wie opmerklik om't Peter de Grutte yn dy tiid per dekreet de bou fan stiennen gebouwen oeral ferbean hie, útsein yn 'e nije haadstêd Sint-Petersburch. Om politike redenen droech tsaar Peter lykwols sels mei jild by oan 'e bou fan 'e katedraal en it sizzen is dat de tsaar ek noch persoanlik oan 'e bou mei wurke hat troch in pear bakstiennen te pleisterjen. Foar de bou fan 'e katedraal op sompige grûn hie de tsaar faklju út Moskou stjoerd.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke waard boud troch in ûnbekende arsjitekt. Yn 'e katedraal stiet in opmerklike ikonostaze fan 19 by 23 meter mei 149 ikoanen út it midden fan 'e 18e iuw. Fan 'e grutte kroanluchter mei in gewicht fan mear as 550 kg wurdt sein dat it yn 1643 troch de Kozakken út de Jehannes de Dopertsjerke fan Azov meinommen waard, nei't hja de fêsting oan 'e Ottomanen moasten ôfstean.
Op 'e flier foar it alter leit in izeren plaat ta neitins oan 'e besite oan 'e katedraal fan tsaar Aleksander I, grutfoarst Michael Pavlovitsj en Nikolaas Aleksandrovitsj.
By de tsjerke stiet in frijsteande klokketoer. Foarhinne waard op 'e earste en twadde ferdjipping fan 'e klokketoer yn 'e jierren 1744-1857 it militêre argyf fan 'e Kozakken bewarre. It ûnderste diel fan 'e tusken 1725 en 1730 boude klokketoer hat ea as finzenis tsjinst dien.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|