Opstanningskleaster (Moerom)
It Opstanningskleaster (Russysk : Воскресе́нский монасты́рь; Voskresenski Monastyr) yn Moerom is in russysk-otterdoks nonnekleaster yn it bisdom Moerom. It kleaster leit yn it noardeastlike diel fan it sintrum fan 'e stêd oan 'e Oka, dêr't de rivier mei de Wolga gearrint.
Opstanningskleaster
Воскресе́нский монасты́рь | ||
Tsjerke fan de Presintaasje fan Marije yn de Timpel (lofts) en de Opstanningskatedraal (rjochts) fan it Opstanningskleaster. | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Vladimir | |
plak | Moerom | |
koördinaten | 55° 35' N 42° 03' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 1566 | |
opheffing | 1764 | |
weriepening | 1998 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | âldste bouwurken 17e iuw | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 331510249550006 | |
Kaart | ||
Neffens de oerlevering is it kleaster boud op it âlde plak fan it paleis fan it prinslike pear Peter en Fevronia fan Moerom. It bestean fan dat paleis wurdt yn boarnen sûnt de 16e iuw neamd. It kleasterkompleks, dat foar in part datearret út de 17e iuw, hat de Sovjet-tiid oerlibbe.
Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis fan 'e Opstanningskatedraal giet werom op it jiertal 1566. Yn 'e Tiid fan Reboelje fermoarden Poalske troepen fan Aleksander Józef Lisowski de abt Ionna. Ut in yn 1637 opmakke ynvintaris fan 'e stêd Moerom docht bliken dat it kleaster 13 ikoanen, 2 tinnen fazen, in sulveren krús en 25 printe boeken of manuskripten besiet. Yn 1646 jout de ynvintaris oan dat it tal sellen fan it kleaster tanommen wie ta 30 en dat se fan hout wiene. Sûnder de abdis wie it tal nonnen yn 1678 26 en yn 1723 wie dat tal net feroare.
Opheffing kleaster
bewurkje seksjeIt monastike libben einige yn 1764, doe't Katarina II de sekularisaasje ynfierde en de kleasterbesittings ûnteigene. De kleastertsjerken waarden gewoane parochytsjerken en de noch oanwêzige nonnen waarden oerbrocht nei it Trije-ienheidskleaster fan Moerom.
Yn 'e rin fan 'e 19e iuw oant it begjin fan 'e 20e iuw bleaune de tsjerken parochytsjerken fan Moerom. By it kleaster lei ien fan 'e fjouwer begraafplakken fan 'e stêd en dat bleau oant dy tiid sa.
Sovjet-tiid
bewurkje seksjeNei de oktoberrevolúsje dielde it kleaster yn itselde lot as de oare tsjerken fan de stêd. De tsjerken waarden sletten foar de earetsjinst, de weardefolle saken nei it museum stjoerd en de gebouwen brûkt foar opslach. Yn 1929 waard it tsjerkhôf opheft en ferneatige. Yn 1950 waard op it plak oer de grêven in fuotbalfjild oanlein. Tusken 1970 en 1980 ferbouden se de Opstanningtsjerke ta in fitness-sintrum.
Weriepening
bewurkje seksjeYn 1998 waard it kleaster oan it bisdom Vladimir-Sûzdal werom jûn en op 'e nij as kleaster yn gebrûk nommen. Sûnt de stifting fan in selsstannich bisdom Moerom falt it kleaster ûnder dat bisdom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенский монастырь (Муром)
|