Orion (liet)
Orion is in folslein ynstrumintaal nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1985 en útbrocht op it tredde album fan Metallica Master of Puppets. Orion wie it sânde nûmer op it album.
Orion | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Metallica | |
album | Master of Puppets | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 3 maart 1986 | |
opnommen | septimber–desimber, 1985 | |
doer | 8:27 | |
label | Elektra | |
skriuwer | Cliff Burton, James Hetfield, Lars Ulrich | |
produsint | Metallica, Flemming Rasmussen |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeOrion is in ynstrumintaal nûmer benammen skreaun troch bassist Cliff Burton. It nûmer begjint mei in bassolo. Dan begjinne de drums en klinke der in pear gitaarsolo's. Yn it midden fan it nûmer wurdt skoft hâlden, wêrnei 't in bassolo fierder giet. Der komt noch in gitaarsolo, folge troch in koarte bassolo.
Orion waard spile op de begraffenis fan bassist Cliff Burton yn 1986. Nei de dea fan Burton waard Orion pas yn 2006, tweintich jier nei it ferstjerren fan Burton foar it earst folslein live spile troch Metallica.
Muzikanten
bewurkje seksje- James Hetfield – Sang & Gitaar
- Kirk Hammett – Gitaar
- Cliff Burton - Bas
- Lars Ulrich – Drums