Orniastate
De Ornia State of Orniastate stie op de himrik fan Peazens, gemeente Dongeradiel (oant 2019) en no gemeente Noardeast-Fryslân. It is ûnwis oft dêr in stins stien hat.
Yn 1511 waard fan de Orniasate sprutsen, dy 't in eigenierde pleats wie. Der bestie wol in famylje Ornia, mar dy altyd katolyk bleaune famylje kaam yn Amsterdam telâne. Yn 1724 wurdt dêr in Maria Magdalena fan Ornia neamd. Hja is frouwe fan ferskillende hearlikheden, en wurdt yn dat jier yn de Ryksadelstân ferheft.
Om dit hiem hinne lei yn 1832 noch in brede grêft.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|