Oscar Carré
Oscar Carré (Halberstadt, 22 desimber 1846 - Kopenhagen, 29 juny 1911) wie in soan fan Wilhelm Carré en de Nederlânske hynsterydster Cornelia Adriana de Gast (artystenamme: Kätchen Carré). Oscar wie ferantwurdlik foar de bou fan it ferneamde Sirkusteater Carré yn Amsterdam.
Carré kaam út in Dútske sirkusfamylje. Yn 1863 kaam de famylje Carré nei Nederlân. Yn Amsterdam joegen sy by de jierlikse merke hynsteshows. Yn 1869 naam Oscar de lieding fan it sirkus fan syn heit oer. It Sirkus Carré waard 2 desimber 1887 troch Oscar Carré iepene. It waard rillegau in grut súkses. Earder hy hy ek al fêste sirkusteaters oprjochte, earst yn Wenen (1873) en doe yn Keulen (1878).