Oskar von Riesenthal

Julius Adolf Oskar von Riesenthal (18 septimber 183022 jannewaris 1898) wie in Dútske houtfester, ornitolooch, jager en skriuwer.

Hy waard berne yn Breslau, Sileezje (doetiids yn Prusen: no Wrocław, Poalen), yn in famylje fan Eastenryksk komôf. Syn heit stoar doe't er in jier âld wie; hy ferhuze mei syn mem nei Oels (no Oleśnica), dêr't er syn jeugd trochbrocht oant de ynskriuwing foar it gymnasium. [1]. Hy studearre oan de Boskbou Akademy yn Neustadt-Eberswalde en waard Revierförster (distriktshoutfester) yn it Tuchola Wâld, dêr't er ek úteinsette mei syn stúdzje ornitology. Yn 1871 waard er Oberförster (haadhoutfester) yn it distrikt Altenkirchen en dêr skreau er ek syn earste boek, Die Raubvögel Deutschlands und des angrenzenden Mitteleuropas ('Rôffûgels fan Dútslân en oanswettend Sintraal Europa'). Letter waard er Keninklik Houtfester foar it Departemint fan Lânbou, Boskbou en Domeinen yn Charlottenburch, dêr't er ek wenne oant syn dea yn 1898.

 
"Circaetus gallicus" troch Oskar von Riesenthal
  • Die Raubvögel Deutschlands und des angrenzenden Mitteleuropas, 1879.
  • Das Waidwerk: Handbuch der Naturgeschichte, Jagd und Hege aller in Mitteleuropa Jagdbaren Thiere, 1880.
  • Jagdlexikon, 1882.
  • Die Kleine Jagd: Fur Jäger und Jagdliebhaber ('De lytse jacht: foar jagers en jachtleafhawwers'), 1884.
  • Die Kennzeichen der Vögel Mitteleuropas und angrenzender Gebiete ('De skaaimerken fan de fûgels fan Sintraal Europa en oanswettende gebieten'), 1891.
  • Bilder aus der Tucheler Heide: galgenhumoristische Gesänge; zur Erbaulichkeit aller Grünröcke und ihrer Freunde (Scenes from the Tuchola Forest: gallows-humour songs for the edification of the greendresses and their friends), 1896.
  • Die Stiefel des Herrn Oberforstmeisters, Der verrückte Keiler, sowie andere lustige Geschichten und Gedichte aus dem Leben eines alten Forstmannes ('De skuon fan de haadhoutfester, De mâle wylde baarch en oare koartswillige ferhalen en gedichten út it libben fan in âlde boskwachter'), postúm publisearre, 1903.

Jägermeister

bewurkje seksje

It earste kûplet fan ien fan syn gedichten, "Waidmannsheil" ("Groetenis fan de jager"), is printe op it etiket fan de Jägermeisterflesse.

Waidmannsheil [2][3]

Das ist des Jägers Ehrenschild,
Daß er beschützt und hegt sein Wild,
Waidmännisch jagt, wie sich’s gehört,
Den Schöpfer im Geschöpfe ehrt!

Das Kriegsgeschoß der Haß regiert, -
Die Lieb’ zum Wild den Stutzen führt:
Drum denk’ bei Deinem täglich Brot
Ob auch Dein Wild nicht leidet Noth?

Behüt’s vor Mensch und Thier zumal!
Verkürze ihm die Todesqual!
Sei außen rauh, doch innen mild, -
Dann bleibet blank Dein Ehrenschild!

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Allgemeine Forst und Jagdzeitung, Diel 159, Issue 8, 1898 (Google Books)
  2. side 49, Jagdwende: Vom Edelhobby zum ökologischen Handwerk,Wilhelm Bode, Elisabeth Emmert, útjouwer: C.H.Beck, 2000, ISBN 3-406-45993-5 Google Books
  3. Oskar von Riesenthal, webstee fan de Ynternasjonale St Hubertus Oarder