Jens Otto Harry Jespersen Jespersen (Randers (Jutlân), 16 july 1860Roskilde, 30 april 1943) wie in Deensk taalkundige, spesjalisearre yn de grammatika fan de Ingelske taal. Hy studearre oan de Universiteit fan Kopenhagen en studearre ôf yn it Ingelsk, Frânsk en it Latyn. Wilens kaam er troch de tiid as dieltiid skoalmaster en steno-ferslachjouwer yn it Deensk parlemint. Fierders studearre er taalkunde yn Oxford yn 1887–1888.

Otto Jespersen, om 1915

Jespersen wie heechlearaar Ingelsk oan de Universiteit fan Kopenhagen fan 1893 oant 1925. Tegearre mei Paul Passy rjochte er de Ynternasjonale Fonetyske Feriening op. Hy wie in fûl ferdigener en warber ûntwikkelder fan ynternasjonale helptalen lykas it Esperanto. Sadwaande wie er belutsen by de ôffurdiging fan 1907 dy't de keunsttaal Ido ûntwurp en yn 1928 makke er de Novial-taal, dy't er beskôge as in ferbettering fan it Ido.

Wurk bewurkje seksje