Otto de Boer
Otto de Boer (Wâldsein, 11 july 1797 - Ljouwert, 14 augustus 1856) wie in keunstskilder.
Otto de Boer | ||
keunstner | ||
Selsportret, 1827 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 11 july 1797 | |
berteplak | Wâldsein | |
stoarn | 14 augustus 1856 (59 jier) | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Hy wie de wichtichste learling fan Willem Bartel van der Kooi en learmaster fan Wytse de Haan, Jurjen de Jong (Harns) en Gosling Posthuma (Dokkum, 1800-1832). [1]
Hy makke yn 1823 in keunstreis nei Itaalje mei Gosling Posthuma.[2] Nei syn weromkomst libbe er fan profane opdrachten en joech er tekenles. Lanlik hat syn namme net folle klank krigen.[3]
Syn wurk bestiet benammen út portretten en alterstikken. Wurk fan him hinget yn it Frysk Museum en yn roomske tsjerken. Syn alter stikken yn Reahûs en Wâldsein binne bekend.
Kar út syn wurk
bewurkje seksje-
Houkje Overmeer
-
De ferrizenis fan Kristus út it grêf
-
Heit en soan Vegilin van Claerbergen (om 1838)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Otto de Boer fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Boer, Otto de.
|